Willem Albarda
Johan Willem Albarda (Ljouwert, 5 juny 1877 - Den Haach, 19 april 1957) wie in Nederlânsk sosjalistysk politikus. Foar de SDAP wied er û.o. Twadde Keamerlid, fraksjefoarsitter en minister fan Wettersteat.
Libben en polityk wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Willem wie de soan fan de Ljouwerter patrysjerske keapman Horatius Albarda. Johan waard wees doe't er acht jier wie en syn heit stoar en fiif jier letter syn mem. Hy gie nei de Ryks-HBS oan it Saailân en gie doe nei Delft om oan de Polytechnyske Skoalle wurktúchbou te studearjen. Yn dy jierren fan de 19e iuw kaam it sosjalisme op. De progressive heechlearaar steathúshâldkunde Baltus Hendrik Pekelharing beynfloede him mei syn miening oer koöperaasje, kiesrjocht en berne-arbeid. Johan waard doe lid fan de SDAP. Yn 1903 studearre hy ôf as wurktúchboukundich yngenieur mar hat dat wurk nea dien. Nei in skoft wiskundelearaar west te hawwwen oan skoallen yn Almelo en De Haach waard er direkteur fan de Gemeentlike Arbeidsbeurs fan Amsterdam omdat er tige ynteresearre wie ynit wurkleazenfraachstik.
Yn it earstoan hearde er ta de otterdokse marksisten yn de SDAP. Mar hy bleau nei it royemint fan saneamde Tribunisten as David Wijnkoop lid fan de partij. Yn 1913 kaam er yn de Twadde Keamer en bleau keamerlid oant 1939. Yn dat jier waard er mei dr. Jan van den Tempel de earste sosjalist yn de Keamer. Hy wie fan 1915-1927 lid fan de gemeenteried fan De Haach en fan 1917-1923 wethâlder fan ûnderwiis. Fan 1916-1919 wie hy lid fan de Provinsjale Steaten fan Súd-Hollân. Fan 1913-1939 wie hy lid fan de Twadde Keamer en yn 1925 folge hy Pieter Jelles Troelstra op as foarsitter fan de SDAP-fraksje. Albarda waard minister fan Wettersteat yn it twadde kabinet-de Geer. Yn maaie 1940 wykte er út nei Londen ûnder premier Gerbrandy. Hy hat dêr oant de befrijing minister fan Wettersteat - en sûnt 1942 ek fan Finansjen - west. Hy slute syn karriêre ôf yn de Rie fan Steat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk yngenieur
- Frysk politikus
- Frysk balling
- Frysk sosjalist
- Nederlânsk yngenieur
- Nederlânsk politikus
- SDAP-politikus
- Nederlânsk gemeenteriedslid
- Wethâlder fan De Haach
- Nederlânsk provinsjaal politikus
- Twadde Keamerlid
- Nederlânsk minister fan Ferkear en Wettersteat
- Nederlânsk minister fan Finânsjes
- Nederlânsk balling
- Nederlânsk sosjalist
- Politikus yn de Twadde Wrâldkriich
- Lid fan de Ried fan Steat
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Ljouwert
- Persoan berne yn 1877
- Persoan stoarn yn 1957