Springe nei ynhâld

Bargebaai

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bargebaai-ynsidint)
Bargebaai
Bargebaai fan Cueva de los Peces ôf

De Bargebaai (Spaansk: Bahia de (los) Cochinos; Ingelsk: Bay of Pigs) is in baai oan de súdkant fan it eilân Kuba yn de provinsje Matanzas. De baai hat de foarm fan in ûnregelmjittige kustynholte. De baai wurdt yn it westen begrinze troch it Peninsula de Zapata, in grut sompe- en mangrovegebiet, en beëasten troch it efterlân fan it Giron-strân (Playa Giron) dêr't in protte lytse lânboumienskippen binne.

De kust fan de baai hat noch in hast natoerlike rêst. De baai is ferneamd wurden troch it Bargebaai-ynsidint: de mislearre ynvaazje fan Kuba yn 1961 troch Kubaanske ballingen, stipe troch de Amerikaanske CIA.