Springe nei ynhâld

Clara Eggink

Ut Wikipedy
Clara Eggink
skriuwer
Clara Eggink, Nico Donkersloot en Victor van Vriesland (1965)
Clara Eggink, Nico Donkersloot en Victor van Vriesland (1965)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Clara Hendrika Catharina Clementine Helène Eggink
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 18 april 1906
berteplak Utert
stoarn 3 maart 1991
stjerplak Skeveningen
wurk
taal Nederlânsk
sjenre gedichten

Clara Hendrika Catharina Clementine Helène Eggink (Utert, 18 april 1906 - Scheveningen, 3 maart 1991), wie in Nederlânsk dichteresse, proazaskriuwster en oersetster.

Eggink brocht har libben troch mei ferskate bekende Nederlânske dichters. Op 4 novimber 1926 troude hja, mar tweintich jier âld, mei de folle âldere J.C. Bloem. Sy krigen in soan, Wim hjitte er. Nei harren skieding yn 1932, gongen sy yn 'e maityd fan 1935 dochs wer byelkoar wenjen, mar boaske Eggink yn dizze sitewaasje dochs mei Jan Campert op 16 septimber 1936. Dat houlik rûn lykwols ek op 'e non.

Ein 1957 reizge Eggink yn Fryslân om, om't hja nei lisplak foar har boat socht. Sy fûn in hûs yn Kalenberg en frege doe Bloem om opnij by har yn te wenjen. Bloem stoar dêr yn 1966, sy hat dêr neitiid noch jierren wenne.

Oer har ferhâlding mei J.C. Bloem hat se de 'bibliografyske skets' Leven met J.C. Bloem skreaun. Clara Eggink leit te hôf yn Paasloo, njonken har eardere man en freon J.C. Bloem.

Grêf fan Clara Eggink yn Paasloo
  • 1934 - Schaduw en water
  • 1938 - Het schiereiland
  • 1941 - Landinwaarts
  • 1953 - Kleine grapjes van grote mensen
  • 1954 - De rand van de horizon, verzamelde verzen
  • 1960 - De merkwaardige reizen van Henriëtte en Alexandrine Tinne
  • 1961 - Gewoon mensen
  • 1962 - Een Rotterdams kind en andere ontmoetingen
  • 1978 - Leven met J.C. Bloem, Amsterdam: Athenaeum-Polak & Van Gennep
  • 1979 - In Afrika
  • 1980 - Kind
  • 1983 - Verzen - vroeg en laat

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]