Springe nei ynhâld

Anthonie Johannes Wolters

Ut Wikipedy

Anthonie Johannes Wolters (Rhenen, 11 april 1854 - Dokkum, 31 july 1916) wie in organist, dirigint, komponist en muzykpedagooch.

Wolters wie in foaropman yn it Dokkumer muzyklibben. Hy joech konserten mei de skutterijmuzyk yn Dokkum en omkriten. Syn potpourri fan Fryske lieten waard in soad spile. Hy joech ek oargelkonserten.

  • Frysk griemmank, opus 35, foar harmony- en fanfarekorps; yn 1911 ferskynde in bewurking foar piano
  • Koarwurken

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J. H. en oaren (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Wolters, A. J.