Jerre Hakse
Jerre Hakse | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jerre Hakse | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 15 april 1937 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 26 maart 2024 | |
stjerplak | Amsterdam | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Byldzjend keunstner | |
streaming | Ekspresjonisme |
Jerre Hakse (Ljouwert, 15 april 1937 – Amsterdam, 26 maart 2024) wie in byldzjend keunstner út Ljouwert. Hy hat in eksposysjeromte yn 'De Prins van Waldeck' yn de Grutte Tsjerkestrjitte.
Jerre Hakse wie autodidakt en makke doeken, plastiken en gouaches wêryn 't hy taspilings makke op wat er sjoen of ûnderfûn hat, mar dy't foar de taskôger in soad te rieden oerlitte. Hy waard beynfloede troch it wurkjen sels en syn fisuele waarnimmings dy't er faak abstrahearre. Dat abstrahearjen troch eksperimintearjen nei syn eigen byldtaal wie foar him in sykjen.
Yn de iepenbiere romte steane wurken fan him oan de Uniawei yn Stiens (1975), oan skoallemienskip Comenius yn Ljouwert (1974) en in skulptuer by Schatzenburg yn Menaam (1976).
Eksposysjes wiene yn û.o. galery De Roos van Tudor, (Frjentsjer), It Mondriaanhûs (Winterswyk) en Smelik & Stokking (De Haach). Wurk fan Hakse sit ûnder oare yn de kolleksjes fan it Ryk, provinsje Fryslân, Keramykmuseum It Princessehof, de Frigem, abbekatekantoaren en makelders.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Read lânskip
-
Monumint foar Arjen Sevenster (1975), Stiens
-
Sûnder titel (1976), Menaam
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|