Leonardo da Vinci
Leonardo da Vinci (Vinci, 15 april 1452 - Amboise, 2 maaie 1519) wie in Italjaansk skilder, byldhouwer, arsjitekt, útfiner, filosoof, dichter, natuerkundige en biolooch.
De keunstner is foaral bekend wurden troch syn skilderijen en syn tekeningen, mar ek as wittenskipper hat er fan grut belang west. As keunstner is er foaral bekend wurden troch syn bydrage oan de chiaroscuro-technyk en behanneling oer it atmosfearysk perspektyf. Syn talleaze sketsen op it mêd fan bou, wetter- en wurktúchboukunde, jouwe blyk fan syn grutte ynsjoch en syn orzjinele oanpak. Mar troch de stân fan de technyk koene in soad ideeën fan Leonardo da Vinci net útfierd wurde.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leonarda da Vinci is berne op 15 april 1452 as Leonardo dis er piero da Vinci, yn it doarpke Vinci. Vinci leit op it Toskaansk plattelân om Florâns. Leonardo sels ûndertekene syn wurk mei Leonardo of Lo leonarda, wat 'Ik Leonardo' betsjut.
Mem Katerina en heit Piero wiene net troud. Syn heit, Ser Piero da Vinci, wie in 25-jierrige rike grûnbesitter en ambachtsman. Heit Piero hie mem Katerina yn tsjinst. Der wurdt beweard dat se in slaaf fan Piero wie út it Midden-Easten. De heit naam de soarch foar it soantsje op him, de mem troude mei in oare man. Leonardo wenne earst by de famylje fan syn mem, mar fan syn fiifde jier ôf wenne hy by syn heit. Syn heit wie troud mei de 16-jierrige Albiera Amadori. Sy krigen tegearre gjin bern. Dêrom wie Leonardo foar Albiera in echte soan. Leonardo mocht graach de natoer observearje. En al jong tekene hy wat hy seach. De boeken yn de bibleteek fan syn heit waarden in skoalle-oplieding dy't hy nearne oars krije koe. Nei de dea fan Albiera ferhuze Leonardo mei syn heit nei Florâns. Heit troude nei de dea fan Albiera noch trije kear en krige yn totaal 12 bern.
De earste perioade: Florâns. (1466 oant 1482)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op syn 12e jier kaam er mei syn heit yn Florâns te wenjen. Doe wie Florâns in wrâldsintrum fan rykdom, macht, keunst en wittenskip. Hjir soe Leonardo da Vinci útgroeie ta de figuer fan de Renêssânse.
Yn 1466 brocht heit syn soan nei in staazjeplak. Heit wie oertsjûge fan it talint fan syn soan. Hy brocht him by de Florentynske keunstner Andrea del Verrochhio. Yn dat atelier learde Da Vinci skilderjen en om hout, stien en klaai te bewurkjen. Ek learde er hoe't er sulver en goud smeie moast. Da Vinci soarge der foar dat hy alle techniken yn 'e macht krige. Hy tekene wat hy seach. It is tige wierskynlik dat Da Vinci meiholpen hat oan Verrocchio syn ruterstânbyld fan Colleoni (1483-1488) yn Feneesje. Yn 1472 waard Da Vinci eigen baas. Hy sluet him oan by it Florentynske skildersgilde, De compagnia di san Luca. Hy hat Verrocchio noch wol inkele jierren holpen en hat ek noch in oantal jierren yn syn hûs wenne. Om-en by 1473 skildere Da Vinci in skilderij dat ûntwurpen is troch Verrocchio. It is de doop fan Kristus. Da Vinci hat besocht om it lânskip wer te jaan as skimerjende mar dôchs organyske wrâld. Dit komt alle kearen werom yn syn skilderijen. Grutte belangstelling hie Da Vinci foar de minsklike fysiology. Syn bekendste wurk út dizze earste Florentynske perioade (1466 oant 1482) is de ‘Oanbidding fan de trije keningen' makke 1481 oant 1482. Dit grutte skilderij is troch muontsen fan San Donato yn Scopeto besteld. It wurk is noait hielendal ôf komd. Yn 1482 gie Da Vinci nei Milaan om yn tsjinst te gean by hartoch Lodovico il Moro.
De twadde perioade yn Milaan (1482 oant 1499)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1482 gie Da Vinci yn tsjinst by Ludovico Sforza, Il Moro. Dit wie de hearsker fan Milaan. Ien fan de belangrykste opdrachten fan Il Moro wie om in ruterstânbyld te meitsjen. De heit fan Il Moro moast op it hynder sitte. It byld moast 7 meter heech wurde. It is noait útfierd, it byld hat allinnich bestien as in gipsmodel. Wol hat Da Vinci prachtige tekeningen makke. Dizze tekeningen op út in blauwens skinend papier wurdt bewarre yn de Royal Library, Windsor Castle. Syn wurksumheden yn Milaan wie net allinnich skilderjen. Hy hat in soad fedigeningswurken en kriichsmasines ûntwurpen. Dêrneist wied er ek dwaande om brêgen en wetterwurken oan te lizzen. Ek hat er in ûntwerp makke foar de koepel fan de Dom fan Milaan.
Yn Milaan hie Da Vinci ek syn eigen atelier, mei learlingen. De wichtichste skilderijen út dizze perioade binne de “Madonna yn de grot” (1485), it fresko “It leste jûnsmiel” (makke tusken 1495 oant 1498). Dit fresko hat Da Vinci skildere yn de Santa Maria delle Grazie yn Milaan. Op dit fresko is te sjen dat Kristus de wurden útsprekt dat ien fan de learlingen him ferriede sil. De eftergrûn fan Kristus is ljocht en nimt de wurking fan it aureoal oer. Dit fresko spilet in haadrol yn it boek fan Dan Brown, de Da Vinci koade.
Yn dizze perioade ûntstiene skilderijen dy’t kenmerkjend binne foar Da Vinci. It skimerige ljocht, de sêfte en fine foarmjouwing. Dizze manier fan skilderjen wurdt Chiaroscuro of sfumato neamd. Da Vinci hat oantekenings makke oer ljocht en kleur op skilderijen. Dy binne letter samle ta in Trattat delle pittura, de earste útjefte waard yn 1651 yn Parys útbrocht.
Nei de besetting fan Milaan troch Frânske soldaten (oktober 1499) reizge Da Vinci nei Feneetsje en dêrnei gie er werom nei Florâns.
Twadde Florentynske perioade
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Florâns gie Da Vinci wurkjen as millitêr arsjitekt en yngenieur foar Cesare Borgia. Borgia wie de soan fan Paus Alexander VI en waard ek wol “Duca Valentino” neamd. Da Vinci krige opdracht om yn it Palazzo Vecchi de Slach by Anghiari (1440) te skilderjen. It fresko is noait hielendal ôf komd. Hoe't it der út sjen moast, kin ôflaat wurde út de kopyen dy't Peter Paul Rubens (1577-1640) makke hat. Yn 1565 is it hiele fresko fuorthelle troch Giorgia Vasari (1511-1574). Dy man hat der oerhinne skildere.
De twadde perioade yn Milaan (1506)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1506 gie de keunstner werom nei Milaan. Hy kaam yn tsjinst fan de Frânske besetters. Fannijs is er oan de slach gien mei syn ruterstânbyld. Diskear ta eare fan maarskalk Giacomo Trivulzio. Ek dizze kear kaam it byld net klear. Yn dizze twadde Milaneeske perioade skildere Da Vinci de “Sint- Anna’ en de “Johannes de Doper”. Beide binne yn it Louvre yn Parys. In kryttekening dy miskyn in selsportret is, wurdt bewarre yn Turyn.
De perioade yn Rome
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn septimber 1512 ferlitte de Frânsen Milaan. Datselde jier gie Da Vinci mei fjouwer learlingen nei Rome ta. Hjir wie hy inkele jierren yn tsjinst by Giuliano de Medici, in broer fan paus Leo X. Da Vinci hie yn Rome net in hiel soad te dwaan. Mar yn dizze perioade hat er de wrâldferneamde tekeningen makke fan de sûndfloed. Dy tekeningen binne no te sjen yn it kastiel Windsor yn Ingelân. Hy hat trije jier yn Rome west. Doe werovere de Frânske kening Frans I Milaan. Dêrnei gie Da Vinci werom nei Milaan. Hy krige fan Frans I wenromte yn it lânhûs Cloux (No wurdt it Clos- Luce neamd). Hy gie der net allinnich wenjen. Hy wenne tegearre mei syn freonen Melzi en Salai.
Leonardo Da Vinci stoar yn Frankryk op twa maaie 1519 yn syn hûs. Hy leit begroeven yn de kapel fan St. Hubertus yn it kastiel fan Amboise. Da Vinci leit allinnich yn syn grêf. Hy hat noait troud west. It skynt sels dat hy noait in yntime relaasje hân hat mei in frou. Yn 1476 is hy anonym beskuldige fan homoseksuele kontakten mei in 17-jierrich model. Dit model wie prostituee mei de namme Jacopa Saltarelli. Tagelyk mei trije oaren waard Da Vinci by gebrek oan bewiis frijsprutsen.
Da Vinci nei syn dea oant no
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Mona Lisa. De Mona Lisa is it ferneamdste skilderij dat Da Vinci makke hat. It is in lyts skilderij dat allinnich troch in dikke glêslaach te sjen is yn it Louvre yn Parys. It skilderij is sa ferneamd troch it mysterieuze antlit fan de frou dy’t skildere is. De eftergrûn fan it skilderij is ek mei ljocht en donker effekten. Dit wurdt Chiraoscuro neamd.
Leonardo da Vinci as útfiner.
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As gelearde hat Da Vinci him ûnder oare dwaande hâlden mei wiskunde en natuerkunde. Hy ûntwurp wurktugen as hevelpeallen, geskut en muzykynstruminten. Hy observearre fûgels en kaam sa ta in ûntwerp. Hy bestudearre de anatomy fan de minsk en geologyske ferskynsels. Dat alles smiet in bulte sketsen op. Syn belangrykste útfining is de skutslûs mei puntdoar dy't no noch tapast wurdt.
Ek syn militêre útfinings wiene talryk. Sa ûntwikkele hy in soarte masinegewear, dêr't streamlide kûgels yn sieten ynstee fan rûne kûgels. Ek ûntwurp hy in bolfoarmige dûkboat dêr't ien man yn sitte koe. De measte ûntwerpen binne noait útfierd. Faak wiene de ideeën sa fier harren tiid foarút dat it gewoanwei noch net koe.
Da Vinci hat de minsklike anatomy bestudearre. Hy die dit troch seksje te dwaan op liken, dit wiene liken fan bisten en fan minsken. Syn waarnimmings resultearren yn tige detaillearre tekeningen fan it skelet, de spieren en bloedfetstelsel. By it fergelykjen fan bloedfetten by in âlde man en by in jonkje fan twa, ûntduts hy arterioskleroaze, de fernauwing fan de bloedfetten. Nei in seksje fan in swangere frou beskreau Da Vinci as earste de lizzing fan in foetus yn de liifmoer.
Nei oanlieding fan de seksjes tekene Da Vinci it ideale minsklike lichem basearre op in pentagoan mei de ferhâlding 1:1,618. Dizze tekening wurdt de Vitruviusman neamd.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
In foetus yn de liifmoer (om 1510 oant 1513)
-
Anatomyske stúdzje fan de earm, (± 1510)
-
Untwerp foar in fleanmasine, (om 1488) Institut de France, Parys
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Leonardo da Vinci
- Italjaansk keunstskilder
- Italjaansk byldhouwer
- Italjaansk arsjitekt
- Italjaansk yngenieur
- Italjaansk útfiner
- Italjaansk natuerkundige
- Italjaansk wiskundige
- Italjaansk anatoom
- Italjaansk geolooch
- Italjaansk kartograaf
- Italjaansk botanikus
- Italjaansk biolooch
- Italjaansk filosoof
- Italjaansk publisist
- Italjaansk dichter
- Italjaansk mearkeskriuwer
- Italjaansk muzikant
- Italjaansk diplomaat
- Italjaansk humanist
- Persoan dy't juridysk ferfolge is foar homoseksualiteit
- Persoan berne yn 1452
- Persoan stoarn yn 1519