Sacha de Boer
Sacha de Boer | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Sacha de Boer yn 2021. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sacha de Boer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 9 april 1967 | |
berteplak | Amsterdam (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk Frysk Skotsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | nijslêzeresse, presintatrise, redaktrise, fotografe | |
medium | tillefyzje, radio | |
wurksum by | NOS, RTL, KRO-NCRV | |
bekend fan | NOS Journaal Brandpunt | |
jierren aktyf | 1995 – 2013 2016 – no | |
offisjele webside | ||
www.sachadeboer.com |
Sacha de Boer (Amsterdam, 9 april 1967) is in Nederlânsk sjoernaliste, nijslêzeresse, presintatrise en fotografe. Fan 2003 oant 2013 wie hja de fêste nijslêzeresse fan it NOS Journaal fan acht oere jûns. Se gie by de NOS wei om't se har mear op har karriêre yn 'e fotografy talizze woe. Yn 2016 kearde De Boer lykwols werom op 'e tillefyzje. Yn 2017 die yn it programma Verborgen Verleden bliken dat se mooglik fan keninklike ôfstamming is.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sacha de Boer waard yn 1967 berne yn Amsterdam, mar groeide op yn Weesp, as de dochter fan in hûsdokter. Yn 2017 die hja mei oan it tillefyzjeprogramma Verborgen Verleden, wêryn't de ôfstamming fan bekende Nederlanners neipluze wurdt. It die doe bliken dat De Boer yn 'e froulike line ôfstamme fan in Hamilton of Silvertonhill, in Skotske baronet dy't yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw as ofsier yn it leger fan 'e Republyk fan de Feriene Provinsjes tsjinne en yn Goutum mei in Friezinne troude.
Fia eardere generaasjes fan 'e Clan Hamilton koe De Boer har famylje weromfolge wurde oant in Gilbert fan Hamilton, dy't om 1300 hinne libbe en yn 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch focht. De Skotske geneälogen dy't foar Verborgen Verleden de skiednis fan De Boer har famylje útsocht hiene, achten it boppedat net wis, mar wol hiel wierskynlik dat sy yn 'e froulike line fan 'e ferneamde Skotske kening en frijheidsstrider Robert de Bruce ôfstammet. De Boer: "Doe't ik dat hearde, foel ik fan myn stoel."[1]
Oplieding en tillefyzjekarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Boer gie yn Hilfertsom nei it lyseum, en studearre letter kommunikaasjekunde oan de Universiteit fan Amsterdam. It proefskrift dêr't hja mei ôfstudearre gie oer AT5, in lokale tillefyzjestjoerder yn Amsterdam, dêr't hja yn 1992 as redaktrise wurke. Yn 1994 waard De Boer nijslêzeresse en redaktrise by Radio 10 Gold en Konsertradio en fan juny 1994 ôf wie se gauris as nijslêzeresse te sjen op AT5.
Yn jannewaris 1995 stapte De Boer oer nei RTL5, dêr't se nijsflitsen foarlies. Nei in heal jier waard se mei Rick Nieman presintator fan in nij Veronicaprogramma, Nieuwslijn. Yn 1996 waard mei dy aktualiteiterubryk stoppe omdat it net genôch sjoggers loek. Dêrnei gie De Boer oan it wurk foar it NOS Journaal, dêr't se fan 15 july 2003 ôf de fêste nijslêzeresse fan it acht-oeresjoernaal waard. Fan novimber 2002 oant ein 2003 wie hja teffens fêste presintatrise fan it NOS-radioprogramma Met het Oog op Morgen.
Op 3 maaie 2013 presintearre De Boer foar de lêste kear it NOS Journaal, om't se har talizze woe op har wurkpaad as fotografe. Yn septimber 2016 kaam se lykwols werom op 'e tillefyzje, doe't se foar de fúzje-omrop KRO-NCRV de aktualiteiterebryk Brandpunt begûn te presintearjen. Doe't de sjoggers fan it NOS Journaal, y.f.m. it 50-jierrich jubileum fan dat programma, op 'e nijslêzers stimme koene, krige De Boer de measte stimmen, op koarte ôfstân folge troch Harmen Siezen. Ut in ûndersyk yn opdracht fan Specsavers Audiciens die fierders bliken dat Sacha de Boer de moaiste, dúdlikste en noflikste presintaasjestim fan Nederlân hie, daliks folge troch har man Rick Nieman.
Fotografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2005 is De Boer ek aktyf as fotografe. Har wurk hat te besjen west op solo- sawol as groepsútstallings. De Boer wurket foar ferskillende tydskriften, wêrûnder National Geographic, en is teffens freelance-fotografe foar it parseburo ANP. Har wurk hat as skaaimerken it brûken fan natuerlik ynfallend ljocht en clair-obscur. Se docht in protte oan portretfotografy yn sawol kleur as swart-wyt. Har artistike fotowurk is faker yn swart-wyt. De Boer wurke as fotografe ek gear mei kok Jacob Jan Boerma by it publisearjen fan ferskate itensiedersboeken: Down to Earth, Back to Basics en Less is More.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sacha troude op 14 febrewaris 2002 mei RTL Nieuws-presintator Rick Nieman.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2013 – Down to Earth (as fotografe, mei Jacob Jan Boerma)
- 2014 – Back to Basics (as fotografe, mei Jacob Jan Boerma)
- 2015 – Less is More (as fotografe, mei Jacob Jan Boerma)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|
- Nederlânsk sjoernalist
- Nederlânsk radiopresintator
- Nederlânsk nijslêzer
- Nederlânsk telefyzjepresintator
- Nederlânsk fotograaf
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk itensiedersboekeskriuwer
- NOS-wurknimmer
- RTL Nederlân-wurknimmer
- KRO-wurknimmer
- NCRV-wurknimmer
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Nederlânsk persoan fan Skotsk komôf
- Persoan berne yn 1967