Abraham Storck
Appearance
Abraham Storck (doopt Amsterdam, 17 april 1644 – begroeven dêre, 8 april 1708) wie in Nederlânsk skilder en graveur dy't falt ûnder de Hollânske skoalle.
Hy wie de jongste soan fan de faaks út Dútslân wei kommende skilder Johannes Sturckenburgh (1603-nei 1663) en de jongste broer fan Johannes Storck (1629/1630-1673) en Jacobus Storck (1641-nei 1692). Yn 't earstoan wie er by syn heit yn it atelier. Syn earste ûndertekene wurk soe lykwols al fan 1666 datearje. Nei it ferstjerren fan syn âldste broer, yn 1673, fêstige er him as selsstannich skilder yn Amsterdam.
Fan Storck binne ûnder oaren bekend: allegoryen, stedsgesichten, marines en lânskippen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abraham Storck fan Wikimedia Commons. |