Johan Cruijff
Johan Cruijff | ||
Cruijff yn 2009 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme | Johan Cruijff | |
bynamme | Nûmer 14 | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 25 april 1947 | |
berteplak | Amsterdam | |
stjerdatum | 24 maart 2016 | |
stjerplak | Barcelona | |
klupskiednis | ||
rêchnûmer | 14 | |
posysje | Rjochts | |
jeugdteams | ||
1957 – 1964 | Ajax | |
profesjonele feriening(s) seizoen klup wedstr.(goals) | ||
1964–1973 1973–1978 1979 1980–1981 1981 1981 1981–1983 1983–1984 |
Ajax FC Barcelona Los Angeles Aztecs Washington Diplomats Levante UD Washington Diplomats Ajax Feyenoord |
239(190) 143(48) 27(14) 27(10) 10(2) 5(2) 36(14) 33(11) |
nasjonaal team | ||
1966–1977 | Nederlân | 48(33) |
trainer by | ||
1985–1988 1988–1996 2009–2013 |
Ajax FC Barcelona Kataloanje |
Hendrik Johannes (Johan) Cruijff (Amsterdam, 25 april 1947 – Barcelona, 24 maart 2016) wie in Nederlânsk proffuotballer en fuotbaltrainer. Cruijff hat ien fan de beste fuotballers oait op de wrâld west. Hy waard útroppen ta de beste Jeropeeske fuotballer fan de 20e iuw en hat in soad oare prizen wûn. Johan Cruijf hat tegearre my syn frou Danny Coster trije bern: Chantal (16 novimber 1970), Susila (27 novimber 1972) en Jordi (9 febrewaris 1974). Jordi Cruijff hat ek betelle fuotbal spile.
Cruijff waard ynternasjonaal ferneamd troch syn technyske spul en syn taktysk ynsjoch. Hy is ien, nettsjinsteande hy relatyf net safolle prizen wûn hat mei fuotbaljen, ien fan de beste fuotballers ea west, neist spilers as Pelé en Maradona.
De achternamme fan Cruijff wurdt meast mei in Grykske Y skreaun. Yn folle frjemde talen komt de kombinaasje 'uijf' net foar en is it dreech út te sprekken. Dêrom wurdt syn namme faak ferynternasjonalisearre ta Johan Cruyff. Dizze namme brûkt hy ek by syn kolumn yn de Telegraaf.
Biografy as fuotballer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cruijff waakse op yn it Amsterdamse Betondoarp. Op syn tsiende waard hy lid fan Ajax dêr't hy op 15 novimber 1964 debutearre yn it proffuotbal. De wedstriid einige yn 1-3 foar GVAV, de tsjinstander fan dy dei. Cruijff makke it ienichste doelpunt foar Ajax. Uteinlik soe Cruijff alve jier foar Ajax spylje, yn acht seizoenen dêrfan waard hy kampioen fan Nederlân.
De oanfaller spile foar it earst yn it Nederlânsk alvetal op 7 septimber 1966, tsjin Hongarije, de wedstriid einige yn 2-2 mei in doelpunt fan Cruijff. Cruijff krych in syn twadde wedstriid foar Oranje in reade kaart. It wie de earste reade kaart die it Nederlânsk alvetal yn de skiednis krige.
Yn it seizoen 1973/1974 gong Cruijff nei FC Barcelona. De Katalanen betellen 6 miljoen gûne foar de spits. Dêr waard hy ferienige my syn âld-trainer Rinus Michels. Hy spile oant 1978 ta by Barcelona wêrnei hy yn Amearika gong te fuotbaljen foar de Los Angeles Aztecs en letter by de Washington Diplomats. Yn 1980 kearde hy wer werom nei Spanje, dizze kear by Levante, wêrop hy wer nei Amearika ta gjit en wer foar de Washington Diplomats spyljen giet. Yn 1981 komt hy wer nei Nederlân ta om by syn âlde leafde Ajax te spyljen en syn karriêre ôf te sluten.
Mar it rûn oars. Yn ’82 woe Ajax it kontrakt fan Cruijff net ferlenge. Dêrop gong hy nei de aartsrivaal Feyenoord ta. Dat jier waard Feyenoord oan de hân fan Cruijff kampioen en wûn it de KNVB Beker.
Yn 1974 hat Cruijff meidien oan it wrâldkampioenskip fuotbal. Nederlân wist de finale te heljen, mar ferlear der mei 2-1 fan Dútslân. Yn totaal spile Cruijff 48 wedstriden foar Oranje. Dêryn skoarde hy 33 kear.
Biografy as trainer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei syn aktive rinbaan as fuotballer waard Cruijff trainer. Hy begûn by Roda JC as technysk direkteur wêrnei't hy yn 1985 yn dizze funksje by Ajax werom kaam. As trainer waard Cruijff yn de seizoenen ‘85/’86 en ‘86/’87 kampioen en wûn yn beide jierren de KNVB-Beker. Yn 1987 spile Ajax foar it earst yn alve jier wer in Jeropa Kup finale. Ajax wûn de finale fan Lokomotiv Leipzig mei 1-0 troch in doelpunt fan Marco van Basten. In jier letter naam Cruijff ûntslach as trainer by Ajax.
Yn 1988 krige Cruijff de kâns om by It Hearrenfean trainer te wurden. Mar even letter kaam 'syn' Barselona, wêrnei't er dêr hinne gong. By Barselona wûn hy hast alles wat der te winnen foel. Oan 1994 ta wûn ‘Barça’ elk jier ien of meardere prizen. Maar sûnt ’94 gong it de ferkearde kant op. Yn it seizoen ‘95/’95 krige Cruijff dan ek ûntslach. It Barcelona fan dy tiid hie as bynamme ‘Equipo de Sueño’, wat dreamploech bestsjut.