Trond Sollied

Ut Wikipedy

Trond Johan Sollied (Mo i Rana, 29 april 1959) is in Noarske âld-fuotballer, meastal spyljend yn de ferdigening. Tsjintwurdich is hy trainer, lêsten by fuotbalklup SK It Hearrenfean.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sollied kaam yn syn karriêre as spiler út foar de Noarske klups Mo IL, Vålerenga IF, Rosenborg BK en Bodø Glimt. Hy spile 15 kear foar de nasjonale fuotbalploech fan Noarwegen, hjiryn wist hy ien kear te skoaren. Sollied stoppe yn 1993 mei fuotbaljen, wylst hy yn 1992 al begûn wie mei it trainen fan syn ploech Bodø Glimt, dat doe útkaam yn de earste difyzje, it twadde nivo yn Noarwegen. Yn dat earste jier as trainer waard hy fuortendaliks kampioen. It jier dêrop, doe’t hy al stoppe wie mei fuotbaljen, waard Bodø Glimt twadde op it heechste nivo, en wûn er it toernoai om de Noarske beker. Yn 1996 waard hy ûntslein troch Bodø Glimt en helle Rosenborg him yn 1997 as assistint fan Nils Arne Eggen. Yn 1998 waard hy haadtrainer fan de klup en helle hy de kwartfinale fan de Champions League.

Yn 1999 waard Sollied trainer fan AA Gent. In seizoen letter makke Sollied de oerstap nei de Belgyske topploech Klup Brugge. Yn fiif jier waard hy mei dy klup twa kear lânskampioen en wûn hy twa kear de beker en de Superkup. Yn de Champions League waard de ploech in duchtige tsjinstanner en mei ûnder mear oerwinnings op Ajax en AC Milan makke Sollied al rap namme as trainer yn Jeropa. Hy bleau oant 2005 by Klup Brugge en stapte doe oer nei Olympiakos Piraeus út Grikelân. Dêr waard er nei rom in jier ûntslein omdat de resultaten yn de Champions League efter bleaunen by de ferwachtings. Wol wit hy mei syn ploech it lânskampioenskip en de Grykske Superkup te winnen. Hy kaam yn 2007 werom by syn âlde klup AA Gent.

Yn 2008 waard Sollied de haadtrainer fan SK It Hearrenfean. Hy folge tegearre mei syn assistint Chris van Puyvelde Gertjan Verbeek op. Yn it seizoen 2008/2009, it earste jier ûnder de lieding fan Sollied, waard fuortendaliks de KNVB-beker wûn. Oan it begjin fan it seizoen 2009/2010 waard Sollied ûntslein troch SK It Hearrenfean. Der soe in te grut ferskil yn de manier fan arbeidzjen wêze.

Fuort nei syn ûntslach waard der fan grute dat Sollied de nije bûnstrainer fan Noarwegen wurde soe.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As spiler[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nasjonale ploech:

  • Wedstriden:15 (1 doelpunt)

As trainer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As spiler[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei Vålerenga:

  • Noarske Earedifyzje: 1983, 1984

Mei Rosenborg:

  • Noarske Earedifyzje: 1985, 1988, 1990
  • Noarske beker: 1988, 1990

Mei Bodø/Glimt:

  • Noarske Earste Difyzje: 1992 (as spiler/trainer)
  • Noarske beker: 1993

As trainer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei Bodø/Glimt:

  • Noarske Earste Difyzje: 1992 (as spiler/trainer)
  • Noarske beker: 1993

Mei Rosenborg:

  • Noarske Earedivuzje: 1998
  • Skandinavyske Masters: 1998

Mei Klup Brugge:

  • Belgyske Earedifyzje: 2002-03, 2004-05
  • Belgyske beker: 2003-04
  • Belgyske Superkup: 2002, 2003, 2004, 2005

Mei Olympiakos:

  • Grykske Earedifyzje: 2005-06
  • Grykske beker: 2005-06

Mei SK It Hearrenfean:

  • KNVB-Beker: 2009