Rienk Hendrik Kuipers
Rienk Hendrik Kuipers (De Haach, 4 jannewaris 1905 - Lübeck, 28 april 1945) wie dûmny fan Burdaard (doetiids: Wânswert oan de Streek).
Hy wie in soan fan bakker Hendrik Kuipers en Levina Maria van den Bosch. Hy boaske oan Christina Dijk fan Amsterdam. [1]
Yn de Twadde Wrâldoarloch stie ds. Rienk Hendrik Kuipers yn Wânswert by de grifformearden. Dûmny Kuipers siet yn 't ferset. Hy wurke foar de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers.
Op snein 9 febrewaris 1945 hold in Dútske patrûlje by it útgean fan de Grifformearde Tsjerke yn Burdaard in kontrôle op persoansbewizen.
De tsjerketsjinst wie bywenne troch ûnderdûkers en oaren dy't út de hannen fan de Dútskers bliuwe moasten. Der ûntstie in panyk en guon flechten de tsjerke wer yn. Dêr wie in ûnderdûkersplak, mar om't hja fergeaten om de ljedder yn te heljen sochten de Dútskers fierder yn 'e tsjerke. Sa waarden de minsken yn it ferskûlplak fûn.
Ds. Kuipers waard troch de Dútskers ferantwurdlik holden. Hy waard nei Grins brocht en waard op transport steld nei Neuengamme dêr't er op 18 maart 1945 oankaam. [2] Neffens syn meifinzenen hat hy dêr in protte minsken ta stipe west. Nei de befrijing fan Neuengamme is ds. Kuipers yn Lubeck ferstoarn. Hy is begroeven op it earebegraafplak yn Loenen.
Nei de oarloch hat de strjitte yn Burdaard dêr't de Grifformearde Tsjerke oan leit, de namme fan ds. R.H. Kuipersstrjitte krige.
Boek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Leen Vermij, Rienk Hendrik Kuipers, 1905-1945. Vermij, Buren, 2002
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |