Kristlik Ofskieden Gemeente yn Wânswert
De Kristlik Ofskieden Gemeente, letter de Grifformearde Tsjerke, fan Wânswert hat, foaral yn 't begjin, in ynteressante skiednis.
Foarspul
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It geastlik klimaat hat yn Wânswert altyd oars west as yn de omkriten. Der wie dêr in wat mystike sfear.
Burdaard
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste ynsidint hat yn 1813 west. De Herfoarme Gemeente fan Burdaard hie yn 1812 ds. Menardus Meiners fan Warkum beroppen. De klassis Dokkum wegere doe lykwols om dat berop goed te karren. It klassikaal bestjoer fûn Meines, as tige rjochtsinnich, net by harren passen. Boppedat mocht Meines syn noas graach yn in oar syn saken stekke.
Sa bleau Burdaard fakant en de klassisdûmny's moasten dêr preekje. Op 4 april 1813 wie de bar oan ds. J. de Jong fan Surhústerfean. Dy seach tsjin de lange reis oan, boppedat murk er dat hy net sa wolkom wie. Dêrom droech er de beurt oer oan ds. Snetlage fan Stynsgea. Snetlage waard siik en frege syn freon ds. B.H. Habbema fan Oentsjerk om syn plak yn te nimmen. Habbema stie yn Burdaard bekend as dat er net folle mei de otterdoksy te meitsjen hawwe woe.
Doe't de Burdaarder tsjerkfâd Adam Jochems Koopman dat hearde, sei er tsjin master de With dat der dy snein gjin tsjerketsjinst holden waard. Habbema kaam yn in rêstich Burdaard oan. Hy gie nei de With en dy fertelde him wat der oan de hân wie. Habbema gie nei Koopman om oan him tekst en útlis te freegjen. Hy stie der op om dy moarns yn Burdaard te preekjen. De tsjerkerie waard der by helle en Habbema kaam mei de polysje. Master krige doe de opjefte om de klok te lieden en de tsjerkedoar te iepenjen. Habbema hie sneins wolris mear minsken yn tsjerke hân as dy snein.
Wanswert
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn twadde ynsidint spile him op 28 septimber 1834 yn Wânswert ôf. Ds. J. Los, dy't doe yn Wânswert stie, wie goed otterdoks, mar hy liet it iene ferplichte gesang sjonge. De moarns hie it al ûnrêstich west. Under it sjongen fan it gesang sette ien syn hoed op. De middeis joech Los wer in gesang op. Wylst hy it gesang foarlies, gienen der trije manlju oerein. Se rôpen nei de preekstoel dat it tiid waard om mei dy ôfgodsferkes op te hâlden en rûnen de tsjerke út. Los, in sêftsinnich man, wie der mei oan. Hy sei dat se dan mar in psalm sjonge moasten. Wylst de psalm songen waard, kamen de manlju werom. It opskuor begûn op 'en nij. Los gie doe mar fan de preekstoel ôf. It waard in polysjesaak en de trije manlju waarden ta de heechst mooglike straf feroardiele.
Stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 6 jannewaris 1836 waard ds. Simon van Velzen frege om yn in weinskuorre yn Wânswert te preekjen. Deselde dei waard der besletten om in gemeente te stiftsjen. Der wienen 6 leden. De wichtichste dêrfan wie Piter Simens van der Woude, in frij grutte boer, út Jislum. Neffens in opjefte út 1840 wienen der doe al 80 leden.
Swier waar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Velzen stie der op dat, at hy der net wie, der in preek lêzen wurde moast. Yn Ferwerderadiel fielde men dêr neat foar. It Wurd moast fan hert ta hert komme. Yn Wânswert wienen der twa oefeners en dy gienen sneins foar.
Se hienen net ferwachte dat van Velzen foet by stik hâlde soe. Der wie in provinsjale synoade yn Snits. De bruorren út Wânswert waard it leksum troch van Velzen lêzen. De synoade naam mei-ien it beslút dat oefenjen ferbean waard. De snein dêrop preke van Velzen yn Wânswert. Hy lies it synoadebeslút foar en sei dat hy betanke as konsulint fan Wânswert.
De Wânswerters wienen ferslein. Sa koenen se net fierder.
Der kaam útkomst want op Goedfreed 1839 ds. Tamme Foppes de Haan dielde syn gemeente yn Ie mei dat hy út Egypte teach. Doe't dat yn Wânswert hearen die, beaen se de Haan in frije wente yn Burdaard oan. De Haan waard talitten as dûmny en naam it berop nei Wânswert oan. Van Velzen wie dêr net sa wiis mei en it is tusken de Haan en Velzen eins noait wer goed kommen. De Haan, dy't in leard man wie, krige ek de opjefte om dûmny's op te lieden.
Yn 1844, nei it ferstjerren fan Hendrik de Cock, krige de Haan de lieding fan de Teologyske Skoalle yn Grins.
Doleânsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't de Doleânsje kaam, sleat Wânswert him by Grifformearde Tsjerken oan. Dit sil mei ûnder ynfloed west hawwe fan de foarman van de Doleânsje ds. J. J. A. Ploos van Amstel út Reitsum. Ploos syn doel wie dat de ôfskiedenen en de dolearjdenden ien tsjerkeferbân foarme soenen.
Ds. R.H. Kuipers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Twadde Wrâldoarloch stie yn Wânswert by de grifformearden ds. Rienk Hendrik Kuipers. Nei't ûnderdûkers yn de tsjerke fûn wienen waard Ds. Kuipers ferantwurdlik holden en op transport steld nei Neuengamme. Nei de befrijing fan Neuengamme is ds. Kuipers yn Lubeck ferstoarn. Nei de oarloch hat de strjitte dêr’t de Grifformearde Tsjerke oan stiet, ta syn neitins de namme fan Ds. R.H. Kuipersstrjitte krige.