Joeri Gagarin
Joeri Aleksejevitsj Gagarin (Russysk: Юрий Алексеевич Гагарин) (Klûsjino, 9 maart 1934 – Novosyolovo, 27 maart 1968) wie kosmonaut (Russyske name foar romtefarder). Op 12 april 1961 waard Joeri Gagarin de earste mins dy't in romtereis makke, oan board fan de Vostok 1.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gagarin waard berne yn in doarp tichtby Gzjatsk yn de oblast Smolensk. Hy wie piloat yn de Russyske loftmacht en waard yn 1960 tegearre mei 19 kollega's selektearre foar de earste groep dy't de trening en oplieding ta romtefarder folgjen gie. Ynearsten waard German Titov selektearre foar de earste bemande romteflecht. Mar omdat de Russyske autoriteiten fûnen dat syn namme (German) te Dútsk klonk waard Gagarin selekearre foar de lansearring yn de Vostok 1 op 12 april 1961. Troch dy romrofte flecht waard Gagarin de earste minsk yn de romte. Sûnt 1962 wurke hy as represintant yn de Oerste Sovjet.
Gagarin waard oplaat as reservebemanning foar de Sojûz 1, de flecht dy't op 24 april 1967 rampsillich einige mei de dea fan it iennige bemanningslid, Vladimir Komarov. Gagarin waard ek selektearre foar de trening foar in misje nei de moanne. Dy misje hawwe de Russen úteinlijk ôflast.
Der besteane hurdnekkige komplotteoryen dat foar Gagarin minstens twa oare Russen yn de romte west hawwe, wêrûnder Vladimir Iljûsjin. Dy foargongers soenen lykwols swier ferwûne rekke wêze of it sels net oerlibbe hawwe. Bewizen dy't dêrfoar oanfierd binne blike allegear net wier te wêzen.
Gagarin kwam op 27 maart 1968 yn 'e âldens fan 34 jier om it libben by in ûngelok mei in MiG-15 strieljager by in rûtinetreningsflecht tichteby Moskou. Gagarin wie troud en hie twa bern. Syn jiske is begroeven by de muorre fan it Kremlin. Alle jierren op 12 april, op de dei fan de kosmonauten, wurdt dêr in krânse lein. It Kosmonautetreningssintrum Joeri Gagarin yn Stjerrestêd by Moskou is nei him ferneamd. Ek waard de stêd Gzjatsk, tichteby syn bertedoarp, yn 1968 omneamd ta Gagarin.
Postsegels mei de ôfbylding fan Gagarin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Postsegel fan de Sovjet-Uny, 1964
-
Sûvenirfel fan de Sovjet-Uny, 1976
-
Postsegel fan de Sovjet-Uny, 1981
-
Postsegel fan Azerbeidzjan, 2001
-
Postsegel fan Wyt-Ruslân, 2011
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Yuri Gagarin fan Wikimedia Commons. |