Berjocht:In dei yn de histoarje/29 novimber
Appearance

- 1814 - It deiblêd The Times yn Londen nimt ien fan de earste stoommasines yn gebrûk om de drukparse oan te driuwen.
- 1877 - Thomas Edison demonstreart foar it earst syn fonograaf.
- 1937 - Prins Bernhard rekket slim ferwûne by in ûngefal wêrby hy mei 160 kilometer it oere op in beam deunby Diemen klapt.
- 1944 - Albaanje wurdt befreid fan de Dútske besetter.
- 1945 - De Folksrepubliek Joegoslaavje wurdt útrôpen.
- 1947 - De Algemiene Gearkomst fan de Feriene Naasjes beslút Palestina te ferdielen tusken Arabieren en Joaden.
- 1982 - De Algemiene Gearkomst fan de Feriene Naasjes nimt Resolúzje 37/37 oan. Hjirmei wurdt de Sovjet-Uny oprôpen om harren leger út Afganistan werom te heljen.