Berjocht:In dei yn de histoarje/8 oktober
Appearance
- 1247 - De Ryksstêd Nymwegen wurdt ûnderdiel fan it greefskip Gelre.
- 1573 - Alkmaars ûntset, de earste Nederlânske oerwinning yn de Tachtichjierrige Oarloch.
- 1657 - Berne: Wigerus Vitringa, advokaat en keunstskilder út de 17e iuw.
- 1797 - Berne: Eeltsje Hiddes Halbertsma, jongste fan de Bruorren Halbertsma, wie in skriuwer en dokter.
- 1933 - Sluting fan Stasjon Doanjum.
- 1958 - De Sweedske sirurch Ake Senning bringt de earste pacemaker yn.
- 1966 - Ferstoarn: Célestin Freinet, pedagooch.
- 1967 - Che Guevara wurdt yn Bolivia finzen nomd.
- 1982 - Yn Poalen wurdt it fakbûn Solidarność ferbean.
- 1992 - Ferstoarn: Willy Brandt, Dútsk bûnskânselier.