Berjocht:In dei yn de histoarje/3 oktober
Appearance
- 1226 - Ferstoarn: Fransiskus fan Assisy, stichter fan de kleasteroarder fan de Franciskanen of Minderbruorren.
- 1467 - Berne: Karel fan Gelre († 1538).
- 1574 - De Spanjerts jouwe it belis fan Leien op, neidat it gebiet om de stêd op befel fan Willem fan Oranje ûnder wetter setten is.
- 1903 - Yn Rotterdam wurde de earste twa drûchdokken yn gebrûk nomd.
- 1939 - By de oanlis fan de Noardeastpolder wurdt de dyk fan De Lemmer nei Urk sletten.
- 1954 - De halte Stasjon Ljouwert Achter de Hoven wurdt wer iepene
- 2005 - Gedeeltlike sinnefertsjustering.