Berjocht:In dei yn de histoarje/28 novimber
Appearance
- 1520 - Trije skippen ûnder lieding fan de Portugeeske ûntdekkingsreizger Ferdinand Magellaan berikke de Stille Oseaan.
- 1602 - Ferstoarn: Gemme fan Burmania, ealman
- 1627 - Ferstoarn: Ernst fan Aylva, grytman fan West-Dongeradiel
- 1820 - Berne: Friedrich Engels, sosjalistysk filosoof en tegearre mei Karl Marx de grûnlizzer fan it kommunisme († 1895).
- 1880 - Berne: Marinus van Meel, Nederlânsk fleander en fleanmasinebouwer († 1958).
- 1912 - Albaanje, sûnt de 15e iuw part fan Turkije, ropt de ûnôfhinklikens út.
- 1962 - Ferstoarn: Wilhelmina fan Nederlân, keninginne fan Nederlân fan 1890 oant 1948
- 2000 - It Nederlânske parlemint stimt yn mei in wetsfoarstel om eutanasy te legalisearjen; Nederlân is dêrmei it earste lân yn de wrâld dêr't help by selsdeading ûnder bepaalde betingsten net mear strafber is.