Wikipedy:Haadside-ynfo/In dei yn de histoarje/Jannewaris
Appearance
<< | Jannewaris | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 | 31 |
- 1679 - Ferstoarn: Jan Steen, Nederlânsk skilder (* 1625 of 1626).
- 1968 - Ferstoarn: Eeltsje Boates Folkertsma, Frysk skriuwer en ûnderwizer (* 1893).
- 1986 - Flevolân wurdt de 12e provinsje fan Nederlân.
- 1995 - De Wrâldhannelsorganisaasje wurdt stifte.
- 1997 - De offisjele namme fan de provinsje Fryslân wurdt troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân feroare fan Friesland nei Fryslân.
- 2002 - Yn 12 lannen fan de Jeropeeske Uny wurdt de Euro as wettich betelmiddel ynfierd.
- 2009 - Yn Dantumadiel wurde alle strjittenammen Frysktalich.
- 366 - De Allemannen stekke de Ryn oer en falle mei harren leger it Romeinske Ryk oan.
- 1909 - It Fryske Iisbûn set it ljocht op grien foar de start fan de earste Alvestêdetocht. Fan de 48 dielnimmers helje mar 9 de einstreek; earste wurdt de 24-jierrige Minne Hoekstra fan Wergea yn 13 oere en 50 minuten.
- 1920 - Isaac Asimov, science fiction skriuwer († 1992).
- 1957 - Yn Nederlân wurdt de Algemiene Alderdomswet ynsteld.
- 1997 - Henk Kroes kundiget, mei de wurden "It giet oan!", oan dat de Alvestêdetocht 1997 ferriden wurde sil.
- 1542 - It Jachtgerjocht wurdt jûn oan de Fryske steedhâlder.
- 1892 - De skriuwer J.R.R. Tolkien wurdt yn Bloemfontein, Súd-Afrika berne.
- 1959 - Alaska wurdt de 49e steat fan de Feriene Steaten.
- 1915 - Geart Aeilco Wumkes jout yn Tsjom de earste preek yn it Frysk.
- 1925 - Benito Mussolini kundiget oan dat er diktator oer Itaalje wurdt.
- 1976 - De spits fan de Bonifatiustsjerke fan Ljouwert brekt by in stoarm ôf.
- 1643 - Berne: Isaac Newton, wis- en natuerkundige († 1727)
- 1752 - De Geldermalsen, in skip fan de Feriene Eastynjeske Kompanjy fergiet yn de Súd-Sineeske See.
- 1785 - Berne: Jacob Grimm, Dútse taalkundige († 1863).
- 1908 - Ferstoarn: Anthony Winkler Prins, Nederlânsk skriuwer, dichter en dûmny, auteur fan de nei him neamde ensyklopedy (* 1817)
- 1960 - Yn Stockholm wurdt it ferdrach ta stifting fan de Jeropeeske Frijhannelsassosjaasje tekene.
- 1976 - De earste ôflevering fan Sesamstraat wurdt útstjoerd.
- 1997 - Henk Angenent wint de 15e Alvestêdetocht,
- 1835 - Berne: Hendrik van Rijgersma, Nederlânsk arts fan Frysk komôf († 1877)
- 1846 - Berne: Rudolf Eucken, Dútsk filosoof fan East-Frysk komôf († 1926)
- 1896 - Berne: Hendrik Algra, Nederlânsk ûnderwizer, learaar, sjoernalist en politikus fan Frysk komôf († 1982)
- 1924 - It earste nasjonaal kampioenskip Koartebaan wurdt hâlden yn Ryptsjerk.
- 1933 - Der wurdt begûn oan de bou fan de Golden Gate Brêge yn San Fransisko.
- 1941 - It Stasjon Pepergea, tusken Stienwyk en Wolvegea wurdt sluten.
- 1998 - Nei in iisstoarm en temperatueren fan -35°C yn de omkriten fan Montreal, Quebec, Kanada, wurde tûzene ynwenners út harren hûzen helle en wurde 15.800 soldaten nei it gebiet stjoerd.
- 1655 - Berne: Willem van Haren, Nederlânsk grytman fan Frysk komôf.
- 1838 - Alfred Vail en Samuel Morse demonstrearje de telegraaf werby't de morsekoade ferfongen is troch syn morse-alfabet.
- 1841 - Grut-Brittanje beset Hong Kong. Letter dat jier wenje der al 7.500 minsken.
- 1907 - Maria Montessori iepent yn Rome har earste skoalle.
- 1919 - Ferstoarn: Theodore Roosevelt, 26ste presidint fan de Feriene Steaten en winner fan de Nobelpriis foar de Frede (* 1858).
- 1929 - Heinrich Himmler wurdt de Reichführer-SS fan de Schutzstaffel (SS).
- 1929 - Mem Teresa komt oan yn Kolkata en begjint har wurk foar de earmste minsken fan it lân.
- 1558 – Frankryk oermasterd Calais op de Ingelsen, it wie it lêste stikje lân fan de Ingelsen op it kontinint fan Jeropa.
- 1610 - Earste beskriuwing fan in maankrater troch Galileo Galilei.
- 1927 - De earste trans-Atlantyske telefoanoprop wurdt makke, fan New York City nei Londen.
- 1937 - Prinsesse Juliana trout mei Prins Bernhard von Lippe-Biesterfeld.
- 1938 - Berne: Romke Kroondijk, oprjochter fan de FNP yn Himmelumer Aldefurd
- 1994 - Rintje Ritsma wurdt Europeesk kampioen reedriden.
- 1610 - Galileo Galilei ûntdekt de moanne Io fan Jupiter.
- 1790 - George Washington hâldt de earste State of the Union yn New York.
- 1806 - De Kaapkoloanje komt yn Britske hannen.
- 1836 - Berne: Lourens Alma-Tadema, Ingelsk-Frysk keunstskilder († 1912)
- 1928 - Berne: Jeen van den Berg, Nederlânsk reedrider fan Frysk komôf, winner fan de Alvestêdetocht fan 1954.
- 1935 - Berne: Elvis Presley, Amerikaansk Rock & Roll sjonger en akteur († 1977).
- 1950 - Berne: Rommy, Frysk folkssjonger († 2007).
- 1324 - Ferstoarn: Marco Polo, hanneler en ûntdekkingsreizger (* 1254).
- 1788 - Konnetikut ratifisearret de grûnwet fan de Feriene Steaten fan Amearika en treedt as 5e steat ta by de Uny.
- 1839 - Berne: Paul Cézanne, Frânsk skilder († 1906).
- 1867 - Berne: Theodorus Marius Theresius van Welderen, baron Rengers
- 1929 - De troch Alexander Fleming ûntdutsen Penisilline wurdt foar it earst brûkt.
- 1939 - Ferstoarn: Sjoukje Bokma de Boer, better bekend as Nynke fan Hichtum, berneboekeskriuwster (* 1860).
- 1951 - It haadkertier fan de Feriene Naasjes yn New York City wurdt offisjeel iepene.
- 49 f.Kr. - Julius Caesar stekt de Rubikon oer, wêrmei't er in ynterne Romeinse oarloch begjint.
- 1755 - Berne: Douwe Egberts, nammejouwer fan de Douwe Egberts kofje.
- 1869 - Berne: Grigori Raspoetin, Russyske mystikus (†1916).
- 1920 - Stifting fan it Folkebûn yn Genêve.
- 1984 - De Feriene Steaten en it Fatikaan begjinne nei 117 jier wer mei diplomatike bannen.
- 1999 - Twa famkes komme om as trije manlju tolve kûgels ôfsjitte op de doar fan Kafee Bacchus yn Garkum.
- 2005 - Ferstoarn: Jan Bearn Singelsma, earste FNP-steatelid (*1914).
- 532 - Yn Konstantinopel barstet it Nika-oproer los, dêr't 30.000 deaden by falle.
- 1847 - Berne: Hendrik Goeman Borgesius, liberaal politikus († 1917).
- 1882 - De earste stoomtram rydt tusken Snits en Boalsert.
- 1928 - Ferstoarn: Thomas Hardy, Ingelske skriuwer en dichter (*1840).
- 1942 - Japan ferklearret de oarloch oan Nederlân.
- 1972 - East-Pakistan wurdt it lân Banglades.
- 1977 - Berne: Anni Friesinger, Dútsk reedrydster.
- 1536 - Menno Simons brekt foargoed mei de Katolike Tsjerke, jout syn amt fan pastoar op en wurdt menist.
- 1807 - Buskrûdramp yn Leie, in krûdskip ûntploft midden yn de stêd.
- 1874 - Ferstoarn: Herman Christiaan van Hall, heechlearaar plant- en lânhúshâldkunde oan de Ryksuniversiteit Grins (*1801).
- 1893 - Berne: Hermann Göring, Dútske Nazi en oarlochsmisdiediger (*1946).
- 1901 - Ferstoarn: Eeltsje Holtrop van der Zee, Fryske skipsbouwer (*1824).
- 1976 - Ferstoarn: Agatha Christie, Ingelsk misdieferhaal-skriuwster (* 1890).
- 1998 - Njoggentsjin Jeropeeske lannen sprekke ôf it meitsjen fan minsklike kloanen te ferbieden.
- 888 - Ferstoarn: Karel de Dikke, Frankysk kening (* 839).
- 1696 - Ferstoarn: Folkert Bock, Fryske keunstskilder (*?).
- 1910 - De earste radio-útstjoering fynt plak.
- 1915 - In ierdskodding yn Avezzano, Itaalje kostet 29.800 minsken it libben.
- 1939 - By boskbrânen yn Austraalje baarnt 20.000 km² lân ôf, 71 minsken komme om.
- 1956 - Berne: Jan Schulting, Fryske fuotballer en fuotbaltrener.
- 1991 - It leger fan de Sovjet-Uny falt Litouske pro-ûnôfhinkliken oan yn Vilnius.
- 1690 - De klarinet wurdt útfûn, yn it Dútske Neurenberch.
- 1798 - Berne: Johan Thorbecke, Nederlânsk politikus († 1872).
- 1903 - Yn Amsterdam brekt in spoarweistaking út.
- 1914 - Henry Ford fynt de rinnende bân út.
- 1929 - Ferstoarn: Ir. Cornelis Lely, Nederlânske wetterboukundige, minister en gûverneur (* 1854).
- 1937 - Berne: Bernlef, Nederlânsk skriuwer en dichter.
- 2000 - In tribunaal fan de Feriene Naasjes leit fiif Bosnysk Kroaten straffen op oant 25 jier foar it fermoardzjen fan 100 moslims yn Bosnje yn 1993.
- 1900 - Berne: César Domela Nieuwenhuis, Nederlânsk keunstskilder, grafikus, fotograaf, typograaf en edelsmid († 1992).
- 1909 - De Fryske Alve Stêden ferieniging wurdt oprjochte om de Alvestêdetocht te organisearjen.
- 1914 - Ferstoarn: Waling Dykstra, Frysk skriuwer (* 1821).
- 1918 - Berne: Gamal Abdel Nasser, earste presidint fan Egypte († 1970).
- 1929 - Berne: Martin Luther King, Amerikaansk boargerrjochtenaktivist († 1968).
- 1975 - Angoala wurdt ûnôfhinklik fan Portegal.
- 2005 - Ferstoarn: Riemie Huismans-Bosklopper, earste froulike waadrinster (* 1917).
- 1219 - De Sint-Marsellusfloed soarget foar grutte oerstreamings yn Fryslân.
- 1362 - De stêd Rungholt op it eardere waadeilân Strân ferdwynt yn see by de Sint-Marsellusfloed ("Grutte Mandraeke", grutte ferdrinking fan minsken).
- 1626 - Berne: Lucas Achtschellinck, Brusselsk keunstskilder út de baroktiid († 1699).
- 1795 - De Frânsen besette Utert.
- 1918 - Berne: Nel Benschop, Nederlânsk dichteres. (* 2005).
- 1972 - Atje Keulen-Deelstra wurdt Jeropeesk kampioene yn Ynzell
- 1573 - Berne: Marcus Lycklama à Nijeholt, Fryske bestjoerder (grytman) (* 1625).
- 1586 - Yn de Tachtichjierrige oarloch fynt de Slach by Boksum plak.
- 1654 - Ferstoarn: Paulus Potter, Nederlânsk keunstskilder út de Gouden Iuw (* 1625).
- 1912 - Robert Scott komt oan op de Súdpoal.
- 1964 - Berne: Michelle Obama, frou fan Barack Obama, earste First Lady fan Afro-Amerikaanske komôf.
- 1982 - Kâlde Snein yn de Feriene Steaten. Kâlde wyn út Kanada soarget op guon plakken foar de kâldste temperatueren yn mear as 100 jier.
- 1996 - Tsjechje meldet him oan foar it tatreden ta de Jeropeeske Uny.
- 350 - Generaal Magnentius ferdriuwt Konstans I út Rome en docht him dea.
- 1657 - Berne: Hindrik Kasimir II , steedhâlder fan Fryslân en Grinslân. († 1696).
- 1725 - Ferstoarn: Dr. Wigerus Vitringa, advokaat en keunstskilder (* 1657).
- 1778 - James Cook is de earst bekende Europeaan dy't de Hawaiaanske eilannen ûntdekt, hy neamt se de Sandwich Islands.
- 1859 - Ferstoarn: Alfred Vail, yngenieur en útfiner (* 1807).
- 1929 - Eije Wijkstra makket yn it Grinslanner Gruttegast fjouwer fjildwachters dea.
- 1963 - De Alvestêdetocht wurdt ferriden ûnder barre omstannichheden, Reinier Paping wint.
- 1977 - Yn Austraalje komme by in treinramp yn in foarstêd fan Sydney 83 minsken om it libben.
- 1795 - Yn Nederlân wurdt de Bataafske Republyk útroppen.
- 1809 - Berne: Edgar Allen Poe, Amerikaansk skriuwer († 1849).
- 1928 - Berne: Jacob Noordmans, sjoernalist en âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante.
- 1942 - Titus Brandsma wurdt arrestearre troch de Dútsers.
- 1946 - Berne: Dolly Parton, Amerikaansk countrysjongster en aktrise
- 1949 - Kuba erkent Israel.
- 1993 - Tsjechje en Slowakije komme by de Feriene Naasjes.
- 1612 - Berne: Hindrik Kasimir I, greve fan Nassau-Dietz en steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte. (* 1640).
- 1896 - Earste gebrûk fan röntgenstrieling yn de genêskunde, sawol yn Dútslân as yn de Feriene Steaten.
- 1942 - Wannseekonferinsje oer de yn nazi-terminology brûkte namme foar "Die Endlösungder Judenfrage" ('de oplossing fan it Joadske probleem').
- 1920 - Jackson DeForest Kelley, de akteur dy't Dokter Leonard McCoy spile yn Star Trek († 1999).
- 1990 - Ferstoarn: Claude Auclair, Frânske striptekener ( *1943).
- 2006 - Ferstoarn: Klaas Koopmans, keunstskilder (* 1920).
- 1643 - Abel Tasman ûntdekt Tonga.
- 1792 - Berne: Tsjalling Halbertsma, bûter- en tsiiskeapman en Frysk skriuwer. († 1852).
- 1793 - Prusen en Ruslân ferdiele Poalen.
- 1870 - Ferstoarn: Alexander Hertzen, Russysk filosoof en publisist. (* 1812).
- 1924 - Ferstoarn: Vladimir Iljitsj Oeljanov, Lenin, Russysk revolusjonêr en regearlieder (* 1870).
- 1935 - Albaanje ferklearret harsels ta republyk.
- 1950 - Ferstoarn: George Orwell, Britske skriuwer (* 1903).
- 2005 - Ferstoarn: Theun de Vries, Frysk skriuwer (* 1907).
- 1775 - Berne: André-Marie Ampère, Frânsk natuerkundige († 1836).
- 1840 - Britske kolonisten komme oan yn Nij-Seelân.
- 1849 - Berne: August Strindberg, Sweedske skriuwer en skilder († 1912).
- 1929 - Ferstoarn: Cornelis Lely, Nederlânske wetterboukundige (* 1854).
- 1942 - Sietze de Groot fan Weidum wint 8e de Alvestêdetocht yn in tiid fan 8.44 oere.
- 1945 - By de Moarden fan Dokkum wurde tweintich jonge manlju fusilearre troch Dútske soldaten.
- 1957 - Israel lûkt him werom fan it skiereilân Sinaï.
- 2006 - Evo Morales wurdt ynaugurearre as presidint fan Bolivia, hy wurdt de earste presidint fan it lân fan ynlânske komôf.
- 393 - Keizer Teodosius de Grutte fan it Romeinske Ryk stelt syn 9-jierrige soan Honorius oan as fise-keizer.
- 1423 - Ferstoarn: Margareta fan Beieren-Straubing, frou fan hartoch Jan sûnder Eangst.
- 1579 - Ferklearring fan de Uny fan Utert (trochgeand ferset tsjin de Spaanske oerhearsking) troch kalvinistyske Noard-Nederlânske gewesten û.l.f. Jan fan Nassau.
- 1719 - It foarstendom Lychtenstein wurdt foarme.
- 1832 - Berne: Edouard Manet, Frânsk ympresjonistysk skilder († 1883).
- 1944 - Berne: Rutger Hauer, Nederlânsk akteur.
- 1985 - Berne: Doutzen Kroes, Nederlânsk fotomodel fan Frysk komôf.
- 41 - Ferstoarn: Kaligula, Romeinsk keizer, (* 12).
- 76 - Berne: Hadrianus, Romeinsk keizer († 138).
- 1544 - Utfining fan de Kamera obskura troch Reinerus Gemma-Frisius yn Leuven.
- 1862 - Bûkarest wurdt de haadstêd fan Roemeenje.
- 1908 - Robert Baden-Powell begjint de Paadfinerij.
- 1924 - De namme fan Sint Petersburch yn Ruslân, wurdt feroare yn "Leningrad".
- 1932 - Berne: Rients Gratama, Fryske kabaretier.
- 1965 - Ferstoarn: Winston Churchill, Britsk politikus, Earste Minister fan Grut-Brittanje yn de Twadde Wrâldkriich (* 1874).
- 477 - Ferstoarn: Geiserik, kening fan de Fandalen (* 389).
- 1492 - Ferstoarn: Ygo Gaeles Galama, Fetkeaperske rike ealman (* ±1450).
- 1533 - Hindrik VIII trout stiekem mei Anna Boleyn.
- 1848 - It Kommunistysk Manifest ferskynt, skreaun troch Karl Marx en Friedrich Engels.
- 1915 - Alexander Graham Bell fiert it earste transkontinintale telefoanpetear, fan New York nei San Fransisko.
- 1972 - It eardere molkfabryk fan Wiuwert baarnt ôf.
- 1995 - Ferstoarn: Hans van Wijnen, in Nederlânsk follybalynternational (* 1937).
- 1531 - Lissabon, Portegal wurdt rekke troch in ierdskodding, tûzenen komme om.
- 1837 - Michigan wurdt de 26e steat fan de Feriene Steaten.
- 1944 - Berne: Jeanne Adema, Frysk keunstner.
- 1947 - Berne: Gerrit Jan Zwier, Nederlânsk skriuwer.
- 1950 - Yndia wurdt in republyk.
- 1991 - Ferstoarn: Johnny van Doorn, Nederlânsk skriuwer, dichter en foardrachtskeunstner (* 1944).
- 2006 - Ferstoarn: Pieter Terpstra, Frysk-Nederlânske sjoernalist en skriuwer (* 1919).
- 1356 - Oan de Gemeente Inkhuzen wurde stedsrjochten ferliend troch greve Willem V fan Hollân.
- 1443 - Berne: Albrecht fan Saksen, hartoch fan Saksen († 1500).
- 1756 - Berne: Wolfgang Amadeus Mozart, Eastenryks komponist († 1791).
- 1917 - Tredde alvestêdetocht wurdt wûn troch C.C.J. de Koning út Arnhim yn in tiid fan 9.53 oere.
- 1926 - John Baird jout de earste demonstraasje fan in nije útfining: de telefyzje.
- 1943 - De stêd Wilhelmshaven wurdt de earste stêd yn Dútslân dy't bombardearre wurdt troch de Amerikanen yn de Twadde Wrâldkriich.
- 1944 - Berne: Kevin Coyne, Britsk musikus, skriuwer en skilder († 2004).
- 2005 - Ferstoarn: Libbe de Jong, fermoarde yn Wolvegea (* 1951).
- 814 - Ferstoarn: Karel de Grutte, Frankysk kening en keizer (* 742).
- 1256 - Ferstoarn: Greve Willem II, greve fan Hollân. (* 1228).
- 1547 - Ferstoarn: Hindrik VIII fan Ingelân, Kening fan Ingelân (* 1491).
- 1887 - Yn in sniestoarm yn Montana wurde de grutste snieflokken ea mjitten (38 by 20 sintimeter).
- 1887 - De earstestienlizzing fan de Eiffeltoer yn Parys.
- 1942 - Berne: Sjoukje Dijkstra, Olympysk kampioene keunstriden.
- 1949 - Berne: Oeki Hoekema, eardere proffuotballer fan Ljouwert.
- 1956 - Berne: Cornelis van der Wal, Fryske skriuwer.
- 1584 - Berne: Freark Hindrik fan Oranje Nassau, steedhâlder († 1647).
- 1595 - Earste opfiering Romeo en Julia yn Londen.
- 1766 - Earste konsert fan Mozart yn Amsterdam.
- 1860 - Berne: Anton Tsjechov, Russysk skriuwer en dokter († (1904).
- 1880 - Berne: W.C. Fields, Amearikaansk akteur († 1946).
- 1897 - Ferstoarn: Oebele Stellingwerf, Frysk sjoernalist en Sosjalistysk politikus (* 1848).
- 1970 - Berne: Johan Nieuwborg, Belgysk byldzjend keunstner.
- 1648 - De Frede fan Münster wurdt tekene, wêrtroch't in ein komt oan de Tachtichjierrige Oarloch.
- 1845 - Berne: Bernard Blommers, Nederlânsk skilder en etser († 1914)
- 1882 - Berne: Franklin Delano Roosevelt, 32e presidint fan de Feriene Steaten († 1945)
- 1933 - Adolf Hitler wurdt kanselier fan Dútslân.
- 1940 - De 6e alvestêdetocht wurdt wûn troch P. Keizer, A. Adema, C. Jongert, D. van der Duim en S. Westra yn in tiid fan 11.30 oere
- 1948 - Ferstoarn: Mahatma Gandhi, pasifistyske politikus yn Yndia, wurdt fermoarde (* 1869).
- 1561 - Ferstoarn: Menno Simons, tsjerkeherfoarmer en nammejouwer fan de Menisten (*1496).
- 1729 - Ferstoarn: Jacob Roggeveen, ûntdekkingsreizger dy't útstjoerd waard om it Súdlân te finen, mar hy ûntdekte by tafal Peaske-eilân.
- 1854 - Oprjochting fan it KNMY.
- 1908 - Ferstoarn: Anthony Winkler Prins, Nederlânsk skriuwer, dichter, dûmny en frijmitseler.
- 1929 - Leon Trotski wurdt ferbanne út de Sovjet-Uny.
- 1938 - Berne: Prinsesse Beatrix, fan 1980 oant 2013 keninginne fan Nederlân.
- 1966 - Lansearring fan Luna 9, de earste moannelanner.