Springe nei ynhâld

Wannseekonferinsje

Ut Wikipedy
Filla Wannsee

Wannseekonferinsje is de algemiene beneaming foar de op 20 jannewaris 1942 yn de Dútske Filla Wannsee – wat leit yn it súdwesten fan Berlyn by de mar mei deselde namme Wannsee lei – hâlden konferinsje oer de yn nazi-terminology brûkte namme foar "Die Endlösung der Judenfrage" ('de oplossing fan it Joadske probleem').

Doel fan de konferinsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste doelstelling fan de nazi’s wie de Joaden derfan te oertsjûgjen dat sy net yn Nazi-Dútslân thús hearden. Dit dúdlik meitsjen moast barre troch yntimidaasje, diskriminaasje en útsluting. It libben fan de Joaden soe sa soer wurde makke dat se frijwillich emigrearje soenen. Joaden dy’t yn Dútslân bleaunen moasten opsluten wurde yn konsintraasjekampen en yn getto’s, wêrûnder it berjochte getto fan Warschau dat nei de ynfal fan Poalen yn 1939 yn gebrûk kaam. Nei de Dútske ynfal yn de Sowjetuny kamen grutte stikken fan dat lân yn hannen fan de Dútsers. Yn dizze gebieten wienen in protte Joadske minsken dy’t troch de nazi’s op transport setten waarden nei konsintraasjekampen. Op in bepaald stuit koenen de konsintraasjekampen it grutte tal finzenen, (joaden, sigeuners, homoseksuelen, jehovatsjûgen en saneamde “minderen”), net mear oan. In oantal hege Dútske amtners en SS’ ers wêrûnder Reinhard Heydrich hat doe fan Hitler de opdracht krigen it Joadske fraachstik foar iens en foar altyd op te lossen.

Op 20 jannewaris 1942 kamen 15 hege amtners gear om te praten oer de oplossing fan it Joadske fraachstik (Endlösung der Judenfrage). Dit wienen:

Fan it begjin fan de konferinsje hie Reinhard Heydrich it meast it wurd. Foar him stie fêst dat de Joaden útrûge wurde moasten en dat moast op in sa effisjint mooglike manier. De term útrûgjen “(ausrotten)” waard net brûkt. Dêrfoar waard de ûnskuldige term “evakuearjen” brûkt. Eltsenien wist wêr't op doeld waard. Yn de rin fan de konferinsje waard besprutsen hoe't de Joaden útrûge wurde moasten. Neidat de nijste resultaten besprutsen wienen oer it gebrûk fan it gifgas Zyklon B, waard er min of mear beslette dat de joaden fergast moasten wurde. Hjir kamen inkele dielnimmers tsjin yn opstân: Kritzinger bleau folhâlden dat opsluten de bêste oplossing wie. Wilhelm Stuckart pleite foar in massale sterilisaasje. Josef Buhler, dy’t foar it Generaal-Gûvernemint yn Poalen wurke fûn fergassing it bêste. Hy frege oft de Joaden yn it getto fan Warschau it earst fermoarde wurde mochten, dit omdat der grutte kâns wie dat der besmetlike sykten útbrekke soene. Buhler siet der net oer yn dat de Joadske minsken siik wurde soenen, mar hy freze foar de gesondheid fan de SS’ers. Otto Hofman pleite foar sterilisaasje foar bern dy’t út mingde houliken kamen. Mar op it lêst wist Heydrich dôchs alle dielnimmers oer de streek te heljen en doe stimde eltsenien yn mei de fergassing fan en de moard op it Joadske folk.

In brief fan Herman Goöring nei Reinhard Heydrich oer de "Joadske fraachstik"

De notulen op ien nei wienen ferneatige. Nei de kriich fûn men op it ministearje fan bûtenlânske saken nog ien eksimplaar. Troch dit eksimplaar wit men wat der yn de Filla by de Wannsee bepraat is.

De Filla Wannsee is no in museum.

  • Mark Roseman, De villa, het meer, de conferentie: Wannsee, 20 jannewaris 1942, 2002, 187 p., Balans - Amsterdam, ISBN 90-5018-571-1

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • [1] (Hjir binne ek de notulen te sjen)