Herman Christiaan van Hall

Ut Wikipedy
Herman van Hall

Hermannus Christiaan van Hall (Amsterdam, 18 augustus 1801 - Grins, 12 jannewaris 1874) wie heechlearaar plant- en lânhúshâldkunde oan de Ryksuniversiteit Grins.

Hermannus van Hall, soan fan de Amsterdamske jurist Maurits Cornelis van Hall en Elisabeth Christina Klinkhamer, naam yn 1842 as heechlearaar it inisjatyf ta de oprjochting fan in Hegere Lânhúshâldkundige Skoalle yn de stêd Grins, ien fan de trije foarrinders fan de hjoeddeiske Hegeskoalle Van Hall Larenstein. Van Hall krige dêrtroch de gelegenheid om syn opfetting, dat teory en praktyk oan elkoar keppele wurde moatte, ek te realisearjen, troch oan dizze skoalle in modelbuorkerij te ferbinen.

Troch de klam te lizzen op goede foarljochting oan boeren hat hy bydroegen oan in bettere bedriuwsfiering yn de lânbousektor.

Syn soan wie Herman van Hall (1830-1890), dy't as botanikus by it Ryksherbarium wurke.

Publikaasjes, karút[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Hall hat skreaun oer benammen botanika, lânbou, statistyk, en lânhúshâldkunde. [1]:

  • 1825. Flora Belgii septentrionalis; sive, Index plantarum indigenarum: quae hucusque in VII proviciis foederatis repertae sunt... Flora van Noord-Nederland; of, Korte aanwijzing der in het wild wassende planten, welke tot nu toe in de voormalige VII vereenigde gewesten gevonden zijn. Amsterdam: J.C. Sepp en Zoon.
  • 1829. Geschiedenis van de verwoestingen door de rupsen, in het jaar 1829, aangerigt in de provincie Groningen. Grins : Oomkens
  • 1844. De landhuishoudkundige school te Groningen, in haren oorsprong en tegenwoordige inrigting. Grins : Oomkens
  • 1846. Handboek der kruidkunde. 2e verbeterde uitgave. Grins: J.B. Wolters.
  • 1852. De volmaaktheden van den Schepper in zijne schepselen beschouwd, ter verheerlijking van God en tot bevordering van nuttige natuurkennis. Vierde deel: Natuurlijke geschiedenis van het plantenrijk. Hielendal fernijd troch H.C. van Hall (Earste útjefte wie fan J.A. Uilkens)
  • 1857. Toegepaste kruidkunde: Handleiding tot aanwijzing van het gebruik, dat de mensch maakt van voorwerpen uit het plantenrijk.. J.B. Wolters.
  • 1862. De Minister Mr. J. R. Thorbecke en het Rijks-herbarium in 1852 en 1862 : benoeming en ontslag van den conservator. Leien : Sythoff
  • 1862. Open brief aan Mr. J. R. Thorbecke. Leien : A.W. Sythoff
  • 1864. Grondbeginselen der wetenschappelijke landhuishoudkunde. E. Loosjes.
  • 1872. Spreekwoorden en voorschriften in spreuken, betreffende landbouw en weêrkennis. Haarlim : A.C. Kruseman
  • 1873. De natuurlijke gesteldheid van den bodem van Nederland. Leien : A.W. Sijthoff

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Foar mear wurk, sjoch hjir.