Springe nei ynhâld

Herman van Hall

Ut Wikipedy

Herman van Hall (Grins 6 desimber 1830 - dêre, 11 septimber 1890) wie in Nederlânsk botanikus.

Herman van Hall, soan fan de Grinzer heechlearaar plant- en lânhúshâldkunde Herman Christiaan van Hall en Maria Anna van Schermbeek, gie yn de fuotleasten fan syn heit en waard botanikus. Hy wie ynearsten dosint oan middelbere skoallen yn Leien en Middelburch. Ek pielde er mei it kweken fan beammen. Van Hall wie yn de twadde helte fan de 19e iuw konservator fan it Ryksherbarium yn Leien.

Yn Middelburch wie Van Hall belutsen by it Natuerkundich Selskip, dêr't er as lektor kolleezjes foar fersoarge.