Jachtgerjocht

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It Jachtgerjocht wie in gerjocht dat de Jachtrjochten hanthavenje moast.

Karel V krige it Jachtrjocht neidat er Fryslân ferovere hie. Hy beneamde in plomgreve (Boyn Benedixsoan, 13 july 1525), dy't it ferpachte oan steedhâlder, rieden en hearskippen. By plakkaat fan 3 jannewaris 1542 waard it Jachtrjocht jûn oan de steedhâlder. In nij plakkaat 1579 ferdûbele de boetes. It Bilt waard steedhâlderlik jachtgebiet. Dat hâlden de Prins fan Oranje en de Fryske Nassau's, dy't yn 1749 ek de steedhâlderlike Jachtrjochten yn It Oranjewâld krigen. Peallen mei it wapen fan de prins beakenen it gebiet ôf (sjoch: Moaie Peal). Sûnt 1602 wie it Jachtrjocht noch mei klam foarbehâlden oan steateleden, deputearren, leden fan it Hof, grytmannen, boargemasters en eigenierden. Oare Jachtrjocht-ordonnânsjes (1609, 1628, 1640 en 1653) stelden de Jachttiid, de Jachtgerjochtigden en boetes fêst. Earst wienen der in plomgreve en in houtfester. De Steaten ferienigen dy amten yn ien persoan (1619, salaris F920,- plus in tredde fan'e boetes)

Yn 1748 waard Willem IV opperhoutfester mei dizze plakferfanger en fjouwer masterfeinten foar elk fan de distrikten. Sy foarmen mei-inoar in Jachtgerjocht mei wetjouwend foech en jurisdiksje. De lêste Fryske feroardering wie fan 1789. Dy waard yn 1795 bûten wurking steld.
It risseltaat wie alteraasje. Dêrom kaam der in Jachtwet-ordonnânsje (1799) dy't hast gelyk wie oan dy fan 1789. Sûnt dy tiid kamen der Jachtwetten foar it hiele lân.

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Jachtgerecht.