Johan Nieuwborg
Johan Nieuwborg (29 jannewaris 1970) is in byldzjend keunstner út it Belgyske Diest.
Hy begûn mei reklamekeunst en letter glês-yn-lead. Begjin njoggentiger jierren ûntwikkele hy in eigen technyk en styl. Geandewei begûn er it lead te foarmjen mei perslucht wêrtroch't strakke en sterke foarmen ûntstienen. Fan it lead is nei ôfwurking mei sulvertin neat mear te sjen. It brûken fan ferskillende patina's soarget alle kearen foar in oare útstrieling. Syn leafde foar glês komt meatsentiids werom yn eagen, mûle of fuotten en kin al dan net ferljochte wêze. Om de kreativiteit te hâlden makket Nieuwborg nea in foarûntwerp, it byld ûntstiet wurkjende wei. Syn skulptueren binne figuratyf en bestiet út ferskate materialen dy't oan elkoar setten binne. Syn skulptueren hawwe meastentiids in net besteande dierlike foarm. It liket bytiden oft se fan in oare planeet komme.
Johan fynt dat der alle kearen wat nijs te ûntdekken wêze moat oan keunst.
Eksposysjes fan him wienen te sjen yn it Belgyske Geraardsbergen en Merksplas. Earder faak yn de eardere Claude Andre yn Brussel, letter ek yn galery Dieleman yn Petit-Leez.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |