Springe nei ynhâld

Aleksander Herzen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Alexander Hertzen)
Aleksander Herzen. Sergei Lvovich Levitsky, 1860

Aleksander Ivanovitsj Herzen (Russysk: Александр Иванович Герцен, Aleksandr Ivanovitsj Gertsen) (Moskou, 6 april 1812 (OS 25 maart) - Parys, 21 jannewaris (OS 9 jannewaris) 1870) wie in foaroansteand Russysk filosoof en publisist.

Yn 1853 rjochte Herzen tegearre mei syn freon Ogarow de 'Frije Russyske Parse' op, dêr't ûnsensurearre yn publisearre wurde koe. Itselde jilde foar it tydskrift 'De Klok' dat er tusken 1857 en 1867 útjoech. Herzen hat as útjouwer en publisist in soad ynfloed hân op liberale en sosjalistyske streamingen yn Ruslân en derbûten ek wol. Herzen liet sjen dat er in foarfjochter fan minsklike weardichheid en yndividuele rjochten wie. Hy stie it demokratysk rjocht op frijheid en persoanlike ferantwurdlikens fan elts minske foar. Herzen is him lykwols ek altyd bewust west fan de gefaren dy't de ideeën fan syn eigen sosjalistyske en revolúsjonêre bûnsgenoaten oanklibben. Hy hie in ôfgriis fan fanatisy en foarseach yn harren tinken, dwaan en litten nije foarmen fan deltwang. De 20e iuw hat syn gelyk bewiisd.

Karel van het Reve hat mei de histoarikus Jan Willem Bezemer en de Amerikaanske heechlearaar Peter Reddaway yn 1969 te Amsterdam de Aleksander Herzenstifting oprjochte. Dizze stifting publisearre yn de Kâlde Oarloch dissidinte sovjetliteratuer. De Stifting is yn 1998 opheft.

  • Wa is skuldich (roman, 1847)
  • It Russysk Folk en Sosjalisme (1848)
  • Fan de Oare Igge (1848 - 1850)
  • Brieven út Frankryk en Itaalje (1852)
  • Myn Ferline en Tinzen: De Memoires fan Alexander Herzen (1868)
  • E.H. Carr: the romantic exiles (biografy, 1933)
  • Isaiah Berlin: Herzen en Bakoenin over individuele vrijheid en Alexander Herzen (essays), yn Russische denkers, Synopsis; de Arbeiderspers 1981.
  • Karel van het Reve: Geschiedenis van de russische literatuur (hdst. 16, 1985)
  • Charles B. Timmer: Herzen in gesprek met zichzelf (essay, 1988)