Hendrik Algra
Hendrik Algra | ||
politikus | ||
Hendrik Algra (1975) | ||
echte namme | Hendrik Algra | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 5 jannewaris 1896 | |
berteplak | Hurdegaryp | |
stjerdatum | 1 juny 1982 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | ARP | |
Lid fan de Earste Keamer | ||
amtsperioade | 1946-1969 |
Hendrik Algra (Hurdegaryp, 5 jannewaris 1896 - Ljouwert, 1 juny 1982) wie in Frysk ûnderwizer, learaar, sjoernalist en politikus.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hendrik Algra wie in soan fan Aan (Hendriks) Algra, lânarbeider, en Jitske Bosma. Yn 1909 waard er sels ek lânarbeider, mar yn 1910 begûn er mei de jûnsoplieding fan de kristelike ûnderwizersoplieding yn Wommels. Yn 1914 waard er skoalmaster yn Itens. Yn 1915 ferhuze er nei Berltsum. Yn 1922 waard er learaar oan de kristelike kweekskoalle te Ljouwert, foarútrinnend op it heljen fan de middelbere akten foar skiednis yn 1924 en Nederlânsk yn 1928. Fan 1935 oant 1946 wie er learaar Nederlânsk oan it Grifformeard Gymnasium yn Kampen en fan 1936 oant 1962 oan it Grifformeard Gymnasium yn Ljouwert.
Yn 1923 waard Algra lid fan de Nederlandsche Bond van Jongelings Vereenigingen op Gereformeerden Grondslag. Hy publisearre histoaryske artikelen, fanút rjochts-kalvinistysk stânpunt, yn it Gereformeerd Jongelingsblad, dy't letter bondele waarden mei de titel Het erfdeel der vaderen.
Hy wie meidogger oan Fryske blêden en yn 1935 skreau er mei oan de begjinselferklearring fan it Kristlik Frysk Selskip. Fan 1935 oant 1970 wie er polityk haadredakteur fan it Frysk Deiblêd, dy't mei skerpe penne it polityk rjochtse stânpunt fertsjintwurdige.
Yn jannewaris 1941 joech Algra syn haadredakteurskip oer, omdat er gjin kompromissen mei de Dútske besetter slute woe. Op 4 maaie 1942 waard er arrestearre en waard er oant 20 desimber 1943 as gizeler ynternearre yn it seminaarje Beekvliet yn Sint-Michielsgestel. Dêr hold er lêzingen oer de Nederlânsk skiednis, dy't letter útjûn waarden ûnder de titel De eigen weg van het Nederlandse volk.
Hy wie ien fan de foaroanmannen fan de AR en út namme fan dy partij lid fan de Earste Keamer fan 1946 oant 1969. Yn de Earste Keamer kearde hy him fûl tsjin oerheidssteun c.q. hulde foar de skriuwer Gerard Karel van het Reve en hie er krityk op de Mammoetwet fan minister Jo Cals.
Algra wie teffens lid fan it bestjoer fan de NOS en fan 1947 oant 1973 siet er yn it bestjoer fan de Wrâldomrop, fan 1968 ôf as foarsitter. Ek wie er kurator Bysûndere Learstuollen Kalvinistyske wiisbegearte.
Yn 1980 ferliende de Frije Universiteit him in earedoktoraat yn de sosjale wittenskippen.
Yn 1922 boaske er oan Eelkje Offringa, mei wa't er trije soannen en twa dochters krige. Nei har ferstjerren yn 1946 boaske er op 'en nij yn 1953 mei Janke Wijnsma. Sy krigen in dochter.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1929-1930: Bistekken for Fryske skiednis, Harns
- 1932..1946: Het erfdeel der vaderen, Amersfoart.
- 1943..1958 (4 drukken): De eigen weg van het Nederlandse volk
- 1945: Zand in de greppel
- 1946: De toekomst der Nederlandse beschaving
- 1946...1983 (8 drukken, mei broer Ale Algra) Dispereert niet: twintig eeuwen historie van de Nederlanden
- 1948: De Calvinistische reformatie en onze principiële politiek
- 1948: Orange in ballingschap (1795-1813)
- 1964: Anti-revolutionair bestek: toelichting op het beginsel- en algemeen staatkundig program van de Anti-revolutionaire Partij
- 1965..1966: Voor een mondig volk
- 1965..1979: Het wonder van de 19e eeuw: van vrije kerken en kleine luyden. Geschiedenis van de strijd van de groepen in de gereformeerde kerken die zich in de 20e eeuw consequent verzet hebben tegen de liberalistische geest.
- 1970: Mijn werk, mijn leven, Assen
- 1973: Zilver op Oranje: Koningin Juliana 25 jaar vorstin: herinneringen van bekende Nederlanders
- 1974: Vrij en gebonden: 50 jaar NCRV
- 1976: Michiel Adriaanszoon de Ruyter, 1607-1676
- 1979: Jubileumboek Friesch Dagblad
- 1980: Oranje en Friesland
- 1981: Lichten aan de kim. Christelijk geïnspireerde overwegingen en gedichten van de protestantse historicus, politicus en journalist., Ujouwerij Wever, Frjentsjer. Twadde druk 1983
- 1982: Die fijne lange dag, Utjouwerij Wever, Frjentsjer. Twadde druk 1983
Postúm:
- 1983: Franeker, stad met historie, Wever, Frjentsjer. (Bezoarge troch prof. mr. N.E. Algra).
- 2002: In den aap gelogeerd: brieven van Hendrik Algra geschreven vanuit gijzelaarskamp Beekvliet Sint Michielsgestel 1942-1943
Sekundêre literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- G. Puchinger, Hervormd-Gereformeerd, één of gescheiden?, Delft, 1969 side 43-84;
- G. Puchinger e.a. Doctor Algra. De Friese senator, Frjentsjer, 1980
- G. Puchinger, Terugblik op dr. Hendrik Algra, yn Kristen demokratyske ferkennings (1982) siden 497-504.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|