Springe nei ynhâld

Hendrik van Rijgersma

Ut Wikipedy
Hendrik van Rijgersma

Hendrik Elingsz van Rijgersma (De Lemmer, 5 jannewaris 1835 - Sint-Marten, 4 maart 1877) wie in dokter en amateur-botanikus, malakolooch en ichtyolooch. Hy waard arts yn 1858 en hie in praktyk yn Jisp en op it eilân Marken. Yn 1861 troude er mei Maria Henriette Gräfing; hja krigen sân bern.

Doe't 1863 de slavernij yn de Nederlânske koloanjes ôfskaft waard, wie Van Rijgersma ien fan de seis artsen dy't fan it regear de medyske soarch foar de frijlitten slaven op Sint Maarten (Nederlânske Antillen) op 'e noed krige. Hy besette dy post oant syn hommels ferstjerren yn 'e âldens fan 42 jier. Op Sint Maarten garre er in soad fossilen, planten, fûgels, reptilen, skulpen, fisken en ynsekten.

Hendrik van Rijgersma wie in betûft skilder en liet in protte, meast net publisearre, tekeningen, sketsen en akwarellen fan planten en oare dingen dy't er bestudearre nei.

De bistesoarten dy't er samle hie, stjoerde er nei de Akademy fan Natuerlike Wittenskippen fan Philadelphia, dêr't er korrespondearjend lid fan wie. De planten dy't er nei de Botanyske Tún yn Berlyn stjoerde, binne ferneatige. De Hortus Botanikus fan Leien skynt ek planten fan Van Rijgersma te hawwen en it Sweedsk Museum fan Natuerlike Histoarje hat 129 plantesoarten samle troch him; fan 74 binne ek yllustraasjes fan syn hân.

Om him te earjen waard der in slangesoarte nei him ferneamd, Alsophis rijgersmaei.

Wurk fan en oer Rijgersma

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: