Mem Teresa

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mem Teresa

Mem Teresa, berne as Agnes Gonxha Bojaxhi (Skopje, 27 augustus 1910 - Kalkutta, 5 septimber 1997) wie in katolike suster en de grûnlizzer fan in woldiedige religieuze oarde.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Sy is berne yn it doetiidske Ottomaanske Ryk en groeide op yn in promininte Albanees-katolyke húshâlding. Yn 1928 gie se foar de Oarde fan de susters fan Loreto yn Letnice oan it wurk. Troch de oarde waard se nei Kalkutta yn Yndia stjoert om learares te wurden. Sy keas doe de namme Mem Teresa as ferwizing nei Teresia fan Lisieux.

Yn Kalkutta begûn sy mei har wrâldwiid ferneamde wurk ûnder de earmen, dat sy oan har ferstjerren trochsette soe. Sy stifte de oarde fan Misjonarissen fan Neisteleafde, in religieuze oarde foar susters yn Kalkutta. Yn 1979 krige sy foar har wurk de Nobelpriis foar de Frede.

Yn 2003 waard Mem Teresa sillich ferklearre troch de paus Johannes Paulus II. Sy soe yn 1998, in jier nei har ferstjerren , in frou (Monica Besra) fan tuberkuloaze en kanker genezen hawwe doet dizze in foto fan Mem Teresa tsjin har boarst hâlde.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]