Garkum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan de gemeente yn Súd-Hollân

Garkum (offisjeel: Gorinchem; pleatslik: Gorcum) is in stêd en gemeente yn Súd-Hollân, mei 35.202 mensen (31 maart 2015, boarne: CBS) en mei in gebiet fan 22,01 km², wêrfan 3,23 km² wetter. Dalem heart ek by de gemeente Garkum.

Garkum leit oan de rivieren de Linge en de Boppe Merwede, mei oan de oarekant Sleeuwijk en Woudrichem. De gemeente hat in spoarstasjon oan de westlike Betuweline (Dordrecht-Geldermalsen). Benoarden Garkum rint rykswei A15, dy't soarte fan bondele is mei de Betuwerûte. Bewesten de stêd rint rykswei A27 mei de 'flessehals' de Merwedebrêge.

De stêd leit foar in part yn de Alblasserwaard en foar in part yn de Tielerwaard. De grins leit sa'n bytsje op de Lingsedyk. It easten fan Garkum leit yn de Tielerwaard en wie earder provinsje Gelderlân, mar no is dat by Súd-Hollân. It doarp Dalem leit ek yn de Tielerwaard.

Otto fan Arkel (om 1330-1396) joech Garkum op 11 novimber 1382 stedsrjochten.

Bysûndere plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In pear plakken yn de stêd mei in bysûndere skiednis binne:

  • De Grutte Tsjerke
  • It Tolhûs
 
Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Bergambacht - Bernisse - Binnenmaas - Bodegraven-Reeuwijk - Boskoop - Brielle - Capelle aan den IJssel - Cromstrijen - Delft - Doardt - Flaardingen - Garkum - Giessenlanden - Goeree-Oerflakkee - Gouda - Graafstroom - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hellevoetsluis - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Kaag en Braassem - Katwijk - Korendijk - Krimpen aan den IJssel - Lansingerland - Leerdam - Leiderdorp - Leidschendam-Voorburg - Leien - Liesveld - Lisse - Maassluis - Midden-Delfland - Nederlek - Nieuw-Lekkerland - Nieuwkoop - Noordwijk - Noordwijkerhout - Oegstgeest - Oud-Beijerland - Ouderkerk - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijnwoude - Rijswijk - Rotterdam - Schoonhoven - Skiedam - Sliedrecht - Soetermar - Spijkenisse - Strijen - Teylingen - Vlist - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westland - Westvoorne - Zederik - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht