Springe nei ynhâld

Libbe de Jong

Ut Wikipedy

Libbe de Jong (1951 - 27 jannewaris 2005), wie in slachtoffer fan geweld.

De Jong waard 27 jannewaris 2005 dea fûn yn syn wenning oan de Erica yn Wolvegea. It Nederlânsk Forinsysk Ynstitút hat fêststeld dat er fermoarde waard. Hoe't de man om it libben brocht wie, woe de plysje yn it belang fan it ûndersyk net sizze. Plysjeminsken fûnen it stoflik omskot fan de Jong nei't syn famylje him as fermist opjûn hie.

Libbe hat earder eigener west fan Kafee de Veehandel oan de Markt yn Dokkum.

Tafallich wie sa'n wike earder yn Fryslân ek in moard pleecht op in kafee-eigner yn Ljouwert ek mei de namme De Jong.