Karel de Grouwe
Karel de Grouwe, ek Karel III as Karel II (13 juny 839 – 13 jannewaris 888) wie kening fan it Frankyske ryk en keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Hy wie in swakke hearsker dy't machteleas stie tsjin de ynfallen fan de Wytsingen. Lang om let waard hy dêrom ek troch de eallju oan de kant skood.
Opkomst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel wie in soan fan Lodewyk de Dútser en Emma Welf fan Beieren. Hy hie fjouwer sussen en twa broers Karloman en Loadewyk III. Nei de dea fan harren heit yn 876 waard it Eastlike ryk ferparte ûnder de trije bruorren. Karel waard kening fan Swaben, Karloman kening fan Beieren en Loadewyk III kening fan Lotaringen. Lykwols stoar Karloman dy't allinich in folwoeksen bastaardsoan hie, wêrtroch Karel dy syn keninkryk derby krige. Yn 881 waard hy salve ta de nije keizer fan it Hillige Roomske Ryk.
Doe't yn 882 ek noch syn jongere broer Lodewyk III sûnder opfolger ferstoar, waard Karel hearsker oer it hiele Eastlike ryk.
Yn 884 ferstoar de 16-jierige West-Frankyske kening Karloman. Op fersyk fan de eallu waard keizer Karel no ek kening fan it West-Frankyske ryk, as Karel II.
Ein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sykte, en in tekoart oan diedkrêft en polityk ynsjoch brochten Karel III al gauris yn swierrichheden. Hy slagge der mar net yn om in ein te meitsjen oan de rôftochten fan de Wytsingen en waard ôfsetten doe't de krisis op syn heechst wie. Yn it Eastlike part waard Arnulf fan Karintje ta kening ferheft en yn it Westlike part kaam greve Odo I fan Parys, dy't gjin Karolinger wie, oan de macht.
Net lang dêrnei op 13 jannewaris 888 kaam Karel de Grouwe te ferstjerren. Hy hie gjin wetlike erfgenamt.