Swaben (lânstreek)

Ut Wikipedy
Hjoeddeisk Swaben yn Dútslân. Yn giel is de Schwarzwald-Baar-Kreis, yn it oergongsgebiet fan de Swabyske en Opperrynske dialekten yn it Alemannysk. It westlike part fan de Bodenseekreis wurdt net by it hjoeddeiske Swaben rekkene.

Swaben (Dútsk: Schwaben, Schwabenland of Ländle) is in kultureel, histoaryk en taalkundich gebiet yn it súdwesten fan Dútslân. De namme komt fan it Midsiuwske stamhartochdom Swaben, ien fan de fiif Dútske stamhartochdommen, dat it stamgebiet fan de Alemannen en Sueven wie.
Yn grutte sin omfiemet it gebiet it gânse Dútsk-Alemannysk taalgebiet, mar it hjoeddeiske Swaben is mear beheind, benammen troch de fal fan it stamhartochdom Swaben yn de trettjinde iuw. Swaben yn hjoeddeiske etnografyske sin komt rûchwei oerien mei it gebiet fan de Swabyske Kreits fan it Hillige Roomske Ryk yn de Iermoderne Tiid, no ferdield yn de steaten Baden-Wuertemberch en Beieren.
De Swaben (Schwaben, inkeltal Schwabe) binne it folk fan it gebiet en sprekkers fan it Heechdútske dialekt Swabysk. It tal sprekkers wurdt rûsd op 800.000 fan in befolking fan 7,5 miljoen yn de Regierungsbezirke Tübingen, Stuttgart en it Beierske Swaben.