Rubikon

Ut Wikipedy
ferûnderstelde lokaasje

De Rubikon (Lat. Rubico, It. Rubicone) is in rivierke fan 29 kilometer lang yn de Italjaanske regio Emilia-Romagna, útmûnjend yn de Adriatyske See by Ravenna.

Yn de tiid fan de Romeinske Republyk wie de Rubikon in grinsrivier tusken Latium, dat troch de Senaat bestjoerd waard, en de Romeinske provinsje Gallia Cisalpina. It wie yn de Romeinske wet fêstlein dat in generaal mei in steand leger de Rubikon net oerstekke mocht.

De rivier is ferneamd wurden doe't Julius Caesar en syn legioenen yn 49 f.Kr. de rivier súdwearts oerstieken neidat sy it gebiet ferovere hienen dat letter Gallia Transalpina hjitte soe. Sadwaande ûntstie in brek mei de Senaat en in steatsgreep koe dêrtroch net fermijd wurde. Caesar spriek by it oerstekken fan de rivier de yllustere wurden Alea iacta est (Latyn: de tearling is wurpen).

Oft de histoaryske Rubiko deselde is as de tsjintwurdige Rubikon is net folslein wis.[1]. De tsjintwurdige rivier krige har namme yn 1933, doe't by dekreet fan Benito Mussolini it plak Savignano nel Romagna him Savignano sul Rubicone neame mocht[2].

Fuotnoat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Jona Lendering, Rubico (49 BCE), Livius.org
  2. Fiume Rubicone, Miti di Romagna