Springe nei ynhâld

Tsjalling Hiddes Halbertsma

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tsjalling Halbertsma)
Tsjalling Hiddes Halbertsma
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Master Jouke, T.T.
echte namme Tsjalling Hiddes Halbertsma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 jannewaris 1792
berteplak Grou (Fryslân)
stoarn 12 desimber 1852
stjerplak Grou (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk, Nederlânsk
sjenre koarte ferhalen, poëzij
perioade 19e iuw
streaming Romantyk
bekendste
  wurk(en)
Rimen en Teltsjes
útjouwer fa. J. de Lange
jierren aktyf 18171841
offisjele webside
n.f.t.

Tsjalling Hiddes Halbertsma (Grou, 21 jannewaris 1792 – dêre, 12 desimber 1852)[1][2] wie in Frysk skriuwer, dichter en keapman,[3][4][5] en de ûnbekendste fan 'e trije bruorren Halbertsma.[6] Yn Grou en omkriten wûn er by syn libben in beskate bekendheid mei de gedichten en koarte ferhalen dy't er skreau[7][8] en troch syn súkses op saaklik mêd.[9] Nei syn dea waard in diel fan syn wurk sammele mei dat fan syn bruorren Joast en Eeltsje,[10] om yn 1871 útjûn te wurden as de ferneamde Rimen en Teltsjes.[11][12] Pas fan 1918 ôf waard mear fan Tsjalling Halbertsma syn wurk opnommen yn dy samling.[13][14]

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjalling Hiddes Halbertsma waard op 21 jannewaris 1792[15][16] berne yn it hûs fan syn âlden oan 'e Kowemerk[17] yn Grou.[18] Hy wie de soan fan bakker en keapman[19][20][21] Hidde Joasts Halbertsma (1756-1809)[22][23] en dy syn frou Ruerdtsje (of Riurtk)[24] Tsjallings Binnerts (1767-1809).[25][26][27] Hy ien âldere broer, Joast (1789-1869),[28][29][30] en twa jongere bruorren, Binnert (1795-1847),[31][32][33] en Eeltsje (1797-1858).[34][35][36] Twa letter te wrâld kommen bern stoaren al hiel jong,[37] it jonkje yn 1803,[38] en it famke yn 1805.[39] De bruorren hongen sterk oaninoar, mooglik as gefolch fan it feit dat harren âlden beiden yn 1809 jong kamen te ferstjerren, doe't Tsjalling noch mar santjin jier wie.[40][41][42] Joast, Tsjalling en Eeltsje, dy't as auteurs letter mei-inoar bekend komme soene te stean as de bruorren Halbertsma,[43][44] lieken mear op harren heit, wylst Binnert mear útskaaide nei harren mem.[45]

Dy mem, Ruerdtsje Binnerts, kaam út in foaroansteand Grouster laach.[46][47] Har famylje wie minnistysk,[48][49] en hoewol't har man fan hûs út herfoarme wie, gied er nei syn houlik oer nei har leauwe.[50] Ut brieven fan Tsjalling syn broer Joast komt hja nei foarren as in betûft sakefrou,[51] in leafhawwende mem en in djip leauwich minske.[52] Oer Hidde Halbertsma, de heit, is folle minder bekend. Men wol wol hawwe dat er foar syn trouwen farrensman west hie.[53] Hy moat guodlik fan aard west hawwe, mar wie gau rekke, en dan koed er raar fan him ôfbite.[54]

Tsjalling Halbertsma wie, neffens syn broer Joast, in treflik imitator, wat in talint wie dat er fan syn heit urven hie.[55] Joast skreau fierders oer him: "Grutter leafhawwer fan mallichheden en grappen as ús Tsjalling wie der yn hiel Fryslân net; mar, tink derom, altyd yn 'e linze oeren. As de saak spriek, holden alle grappen op, en wiene aktiviteit, belied, taaie arbeid en berekkinings fan moarns ier oant jûns let oan 'e oarder fan 'e dei."[56] Troch ien fan syn biografen (J.P. Wiersma) waard Tsjalling Halbertsma omskreaun as "in bejeftige, opfallend persoan, fol potserij, net sûnder idelheid, mar oarspronklik yn tinken en sizzen, yn dwaan en litten apart, orizjineel."[57] In oaren (dû. G.A. Wumkes) skreau oer him: "Hjir hantearret in heechsteand man de pinne."[58]

Doe't yn jannewaris 1809 Hidde Halbertsma kaam te ferstjerren,[59] yn desimber fan datselde jier yn 'e dea folge troch Ruerdtsje Binnerts,[60][61] waarden de bruorren op jonge jierren wees. Joast, de âldste broer, studearre yn dy tiid yn Amsterdam,[62] wylst Eeltsje, de jongste, yn Ljouwert yn 'e kost wie, dêr't er nei de Latynske skoalle gie.[63] It foel sadwaande oan Tsjalling ta om mei de help fan feinten de bakkerij fan harren heit draaiende te hâlden oant de trêde broer, Binnert, âldernôch wie om 'e saak fan him oer te nimmen.[64]

Tsjalling Halbertsma gie doe oan it wurk by in omke yn Grou, dy't keapman yn bûter en tsiis wie.[65][66] Doedestiden tsjernen en tsizen de boerinnen thús op 'e pleats, yn 'e molkenkelder; dêrnei waarden harren produkten opkocht troch keaplju dy't se fierder ferhannelen.[67] Halbertsma naam nei ferrin fan tiid it bedriuw fan syn omke oer, dat er dêrnei stadichoan fierder útboude.[68][69] Yn 't earstoan wied er kommisjonêr foar it Amsterdamske hannelshûs Pijnakker, mar letter kocht er op eigen manneboet yn Fryslân suvelprodukten op, dy't er mei oansjenlike winst ferhannele yn Londen.[70] Halbertsma waard in fermogend man, dy't mei syn broer Binnert (dy't de bakkerij ferkocht hie en in houthannel begûn wie), mei mar tsien oare grutte ûndernimmers lykas Fontein fan Harns, Tromp fan Wâldsein, Wouda fan Snits en Zeper fan Ljouwert sit hie yn 'e (doe nije) Fryske Keamer fan Keaphannel.[71] Fan 1850 oant syn dea hied er fierders ek sit yn 'e Steaten fan Fryslân.[72]

Yn 1837 liet Halbertsma yn Grou in grutte nije wente sette, dêr't syn bruorren yn harren brieven wakker fan bearden.[73] Ek klaaide er him nei de lêste moade, en Eeltsje beklaaide him der yn 1841 sels oer dat syn broer in dandy wurden wie.[74] Mar einlings misrekkene Halbertsma him raar, want yn 1848 rekke er yn panyk doe't syn oandielen slim oan wearde ferlearen. Hy ferkocht se en belei syn jild yn rogge, en doe't dy merk ek ynstoarte, litte er slimme verliezen en rekke rûchwei de helte fan syn fermogen kwyt.[75] Dat wie benammen foar syn ego in slimme klap, dy't er net wer te boppen kaam.[76]

Halbertsma troude yn 1813 mei in Tetsje Sjollema (1793-1836). Hja kaam út Grou en hy koe har dus syn hiele libben al.[77] In jier nei har ferstjerren wertroude er mei in Reinskje van der Goot (1807-1862), dy't ek al út Grou kaam.[78] Doe't dat houlik sletten waard, liet er yn it doarp fyftich flaggen útstekke en joech er in fette ko wei oan 'e earmen.[79] Ien fan Halbertsma syn soannen út syn earste houlik, Johannes Tsjallings Halbertsma (1827-1884), naam nei syn heite ferstjerren de bûter- en tsiishannel oer en ferhuze dy nei Snits ta.[80] Halbertsma syn pakesizzers Hylke (1857-1932) en Herrius (1864-1920) rjochten dêr yn 1888 it molkfabryk Normandia op.[81]

Mei syn wurkpaad as skriuwer sette Tsjalling Halbertsma útein yn 1817,[82][83][84] ta gelegenheid fan 'e brulloft fan syn broer Binnert.[85] Dêrnei wied er aktyf oant 1835, mei in piik om 1830 hinne, en dêrnei noch ynsindinteel oant 1841.[86][87] De lêste alve jier fan syn libben produsearre er gjin nij wurk mear.[88] Hy makke faak gebrûk fan 'e pseudonimen 'Master Jouke' en T.T., dat in ôfkoarting wie fan 'Tsjalling Tsysker'.[89][90] Halbertsma syn wurk hat altyd bot yn it skaad stien fan dat fan syn bruorren Joast en Eeltsje;[91] it wie wiere folkslektuer mei in gauris wat satiryske of boartlike ynslach,[92][93] dy't der lykwols wakker ynfoel by de gewoane man.[94][95] Syn Sets en Tsjerk yn Snitser Merk die net folle ûnder foar it bekendere De Boalserter Merk, fan syn broer Eeltsje.[96]

Tsjalling Hiddes Halbertsma.

It oeuvre fan Tsjalling Halbertsma wie frij beheind,[97] en bestie fierhinne út rymkes ta gelegenheid fan fêsteljûn en nijjier, weachbryfkes, heilingen en wiersizzerijbryfkes,[98][99][100][101] foar in part yn it Frysk, mar foar in oansjenlik part, fral yn 'e iere jierren, ek yn it Nederlânsk.[102] Fierders is bekend dat er al foar't De Lapekoer fan Gabe Skroar fan syn bruorren Joast en Eeltsje yn 1822 útkaam, ek stikjes foar de Grouster sosiëteit skreau.[103] It is net bekend hokfoar klub oft dat krekt wie, mar it hat der alle kâns fan dat it in restant wie fan in saneamde 'folkssosiëteit' út 'e Frânske Tiid, sa't dy fan 1795 ôf yn hiel Fryslân oprjochte wiene.[104]

Teffens publisearre Halbertsma in protte yn almenakken,[105][106] hoewol't dat, ynsafier't nei te gean is, beheind wie oant de jierren tusken 1829 en 1833.[107] It earste wurk dat er yn in almenak ôfprintsje liet, moat Sets en Tsjerk yn Snitser Merk west hawwe, dat yn Suringar's Almanak foar 1829 stie.[108] Gerard Tjaard Nicolaas Suringar sels woe letter hawwe dat De Bêste Freed yn Ljou'ter Merke it earste stik wie dat er fan Halbertsma publisearre hie, mar dêr moat er mis mei west hawwe om't út brieven fan Joast Hiddes Halbertsma ôflaat wurde kin dat De Bêste Freed yn Suringar's Almanak fan 1830 stien hawwe moat.[109] Alhiel apart fan 'e rest fan Halbertsma syn wurk stiet De Roeker, in troch himsels redigearre tydskrift mei artikels oer de doetiidske aktualiteit, dêr't er ek gedichten en teltsjes yn publisearre. Fan dat blêd binne mar inkele nûmers útkommen, yn 1832 en 1833.[110]

Tsjalling Hiddes Halbertsma kaam op 12 desimber 1852 yn syn berteplak Grou te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan hast 61 jier.[111][112] By libben hie hy it fêste mulpunt fan 'e Halbertsma's yn Grou west, dêr't benammen syn bruorren Binnert en Eeltsje altyd oanhâld fûnen.[113] Neffens syn broer Joast waard de famylje nei syn dea "in ferstruide keppel,"[114][115][116] en Eeltsje skreau oan Joast: "It is my te moede as in soldaat dy't yn in fjildslach syn bêste kammeraat njonken him delsinken sjocht."[117][118][119]

Nei it ferstjerren fan alle trije bruorren Halbertsma waard harren proaza en poëzij ûnder tafersjoch fan 'e bibletekaris en argivaris Gerben Colmjon en de boekhannelder en histoarikus Wopke Eekhoff[120][121] gearbrocht en yn 1871 troch útjouwerij fa. J. de Lange te Dimter publisearre ûnder de titel Rimen en Teltsjes.[122][123][124][125][126][127] Op inkele gedichten en syn oandiel oan De Skearwinkel fan Joutebaas nei bleau Tsjalling Halbertsma syn wurk lykwols bûten dy samling,[128][129] oant de gearstalling by de fjirde werútjefte, dy't yn 1918 publisearre waard troch de Ljouwerter útjouwer en boekhanneler Rinse van der Velde, yngeand oanpast waard.[130] Troch it opnimmen fan De Wiersizzerij fan Maaike Jakkeles en in stikmannich gedichten en koartere teksten naam doe Tsjalling syn ynbring einlings in wat mear sichtbere foarm oannaam.[131][132]

Hjoed oan 'e dei wurde de Rimen en Teltsjes beskôge as it nasjonale boek fan 'e Fryske literatuer,[133][134] en hoewol't de literêre wearde fan 'e bondel neitiid troch guon resinsinten yn 'e kiif steld waard,[135] is it net te ûntstriden dat de Rimen en Teltsjes in rol fan krúsjaal belang spilen by it ûntjaan fan in nije literêre Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brûkt wie.[136][137] Yn 1949 skreau auteur en literatuerkritikus Anne Wadman dat de Halbertsma's "it Fryske folk in literêr monumint [jûn hiene], dêr't it syn eigen folkslibben yn [...] wjerspegele seach."[138] Ek hjoed de dei steane de Rimen en Teltsjes noch op it earste plak fan 'e ranglist fan Fryske literêre klassikers.[139]

  • 1817 – Brulloftsfers of Mallichheid by de Brulloft (gedicht)
  • 1829 – Sets en Tsjerk yn Snitser Merk (gedicht)
  • 1829 – In Priuwke út Reintsje de Foks (passaazje út Rein de Foks)
  • 1829 – Sjirk en Tryn (gedicht)
  • 1830 – De Bêste Freed yn Ljou'ter Merke (gedicht)
  • 1830 – De Brune en de Bles (koart ferhaal)
  • 1830 – Liet foar de Fryske Sjitterij (gedicht)
  • 1830 – Myn Reis mei Parsop nei de Stêd (koart ferhaal)
  • 1830 – De Skutter (gedicht)
  • 1832 – In Jûnpraatsje fan Oark en Sint (dialooch)
  • 1832 – It Paad nei de Jilddobbe (koart ferhaal)
  • 1833 – An Menhear Frisius Stripsma (koart ferhaal yn 'e foarm fan in brief en in antwurdbrief, beide yn it Stedsk)
  • 1833 – Punthûn en Liuwe Lijer (teltsje)
  • 1834 – De Brulloft (dialooch)
  • 1834 – De Divel (teltsje)
  • 1834 – Yn 't Jier Doe't de Ko Bartele Hjitte (teltsje)
  • 1834 – Op in Jûn (teltsje)
  • 1835 – De Skearwinkel fan Joutebaas (ramtferhaal mei ferskate koarte ferhalen en gedichten; mei Joast Hiddes Halbertsma en Eeltsje Hiddes Halbertsma)
  • 1835 – De Wiersizzerije fan Maaike Jakkeles (koart ferhaal)
  • 1837 – Yn de Grouster Weagerij (taspraak)
  • 1838 – Grouster Merk (taspraak)
  • 1839 – Grouster Merke (taspraak)
  • 1840 – Grouster Merke (taspraak)
  • 1841 – De Grouster Weachmasters oan de Merkegasten (taspraak)
  • 1841 – Idaarder'diel (gedicht)
  • 18?? – Master Doede fan Terbant Is Komd (teltsje)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Breuker 1993, s. 591.
  2. Breuker 2016, s. 1128.
  3. Breuker 1993, s. 591-592.
  4. Breuker 2016, s. 1128.
  5. Jensma, s. 197.
  6. Breuker 1993, s. 587.
  7. Breuker 1993, s. 591.
  8. Breuker 2016, s. 1128.
  9. Breuker 1993, s. 587.
  10. Wiersma, s. 9.
  11. Breuker 1993, s. 603-606.
  12. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  13. Breuker 1993, s. 609.
  14. Breuker 2016, s. 1128.
  15. Breuker 1993, s. 591.
  16. Breuker 2016, s. 1128.
  17. Wiersma, s. 7.
  18. Breuker 1993, s. 591.
  19. Breuker 1993, s. 587.
  20. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  21. Wiersma, s. 7.
  22. Breuker 1993, s. 587.
  23. Terpstra, s. 317.
  24. Wiersma, s. 7.
  25. Breuker 1993, s. 587.
  26. Terpstra, s. 317.
  27. Wiersma, s. 7-8.
  28. Breuker 1993, s. 588.
  29. Terpstra, s. 316.
  30. Wiersma, s. 7.
  31. Breuker 1993, s. 587.
  32. Terpstra, s. 316.
  33. Wiersma, s. 7.
  34. Breuker 1993, s. 592.
  35. Terpstra, s. 316.
  36. Wiersma, s. 7.
  37. Terpstra, s. 316.
  38. Wiersma, s. 7.
  39. Wiersma, s. 7.
  40. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  41. Terpstra, s. 317.
  42. Wiersma, s. 8-9.
  43. Hemminga, s. 56.
  44. Jensma, s. 197.
  45. Breuker 1993, s. 587.
  46. Breuker 1993, s. 587.
  47. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  48. Breuker 1993, s. 587.
  49. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  50. Breuker 1993, s. 587.
  51. Breuker 1993, s. 587.
  52. Wiersma, s. 8.
  53. Wiersma, s. 8.
  54. Wiersma, s. 8.
  55. Breuker 1993, s. 591.
  56. Breuker 1993, s. 591.
  57. Wiersma, s. 13.
  58. Wumkes, s. 485.
  59. Wiersma, s. 8-9.
  60. Breuker 1993, s. 592.
  61. Wiersma, s. 9.
  62. Wiersma, s. 9.
  63. Breuker 1993, s. 592.
  64. Wiersma, s. 9.
  65. Breuker 1993, s. 587.
  66. Wiersma, s. 9.
  67. Twerda, s. 296.
  68. Breuker 1993, s. 587.
  69. Terpstra, s. 320.
  70. Breuker 1993, s. 591.
  71. Breuker 1993, s. 587.
  72. Breuker 1993, s. 591.
  73. Breuker 1993, s. 591.
  74. Breuker 1993, s. 591.
  75. Breuker 1993, s. 591.
  76. Breuker 1993, s. 591.
  77. Breuker 1993, s. 591.
  78. Breuker 1993, s. 591.
  79. Breuker 1993, s. 591.
  80. Schroor, s. 1125.
  81. Schroor, s. 1125.
  82. Breuker 1993, s. 591.
  83. Breuker 2016, s. 1128.
  84. Wiersma, s. 9.
  85. Wiersma, s. 9.
  86. Breuker 1993, s. 591.
  87. Breuker 2016, s. 1128.
  88. Breuker 1993, s. 591.
  89. Dykstra en Oldenhof, s. 42.
  90. Terpstra, s. 320.
  91. Dykstra en Oldenhof, s. 42.
  92. Dykstra en Oldenhof, s. 42.
  93. Terpstra, s. 320.
  94. Dykstra en Oldenhof, s. 42.
  95. Terpstra, s. 320.
  96. Dykstra en Oldenhof, s. 42.
  97. Terpstra, s. 320.
  98. Breuker 1993, s. 591.
  99. Breuker 2016, s. 1128.
  100. Dykstra en Oldenhof, s. 42.
  101. Terpstra, s. 321.
  102. Breuker 1993, s. 591.
  103. Breuker 1993, s. 591.
  104. Breuker 1993, s. 591.
  105. Breuker 1993, s. 592.
  106. Terpstra, s. 321.
  107. Breuker 1993, s. 592.
  108. Breuker 1993, s. 592.
  109. Breuker 1993, s. 592.
  110. Dykstra en Oldenhof, s. 42.
  111. Breuker 1993, s. 591.
  112. Breuker 2016, s. 1128.
  113. Breuker 1993, s. 588.
  114. Breuker 1993, s. 588.
  115. Terpstra, s. 320.
  116. Wiersma, s. 12.
  117. Breuker 1993, s. 588.
  118. Terpstra, s. 320.
  119. Wiersma, s. 12.
  120. Breuker 1993, s. 604.
  121. Wiersma, s. 5.
  122. Breuker 1993, s. 603-606.
  123. Breuker 2016, s. 1128.
  124. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  125. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  126. Terpstra, s. 313.
  127. Wiersma, s. 5.
  128. Breuker 2016, s. 1128.
  129. Terpstra, s. 320.
  130. Breuker 1993, s. 609.
  131. Breuker 1993, s. 609.
  132. Breuker 2016, s. 1128.
  133. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  134. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  135. Breuker 1993, s. 594-596.
  136. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  137. Jensma, s. 197.
  138. Wadman, s. 14.
  139. Jensma, s. 197.

boarnen