Rinse van der Velde

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Rinse van der Velde
Rinse van der Velde yn 1910.
Rinse van der Velde yn 1910.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rinse van der Velde
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 13 desimber 1856
berteplak Oerterp (Fryslân)
stoarn 10 oktober 1940
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurkpaad
berop/amt útjouwer, boekhanneler
jierren aktyf 18921940

Rinse fan der Velde (Oerterp, 13 desimber 1856 - Ljouwert, 10 oktober 1940) wie in Frysk boekhanneler en útjouwer, en de oprjochter fan Boekhannel Van der Velde.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Velde waard yn 1856 yn Oerterp berne en folge letter yn 'e praktyk in oplieding op it mêd fan boekhannel en útjouwerij. Yn 1892 rjochte er oan 'e Nijstêd yn Ljouwert in eigen bedriuw op. Foarôfgeande oan 'e Twadde Wrâldoarloch wie dat in deftige saak dêr't de begoedige boargerij him foarljochtsje liet oer literatuer en oare boeken.

Behalven boeken te ferkeapjen, joech Van der Velde se sels ek út. Yn dat ramt publisearre er in protte Frysktalich wurk út yn opdracht fan it Frysk Selskip, in organisaasje dêr't er sels ek lid fan wie. Under syn útjeften wie wurk fan Harmen Sytstra, Yme Schuitmaker, Pieter Jelles Troelstra, O.H. Sytstra en Jan Jelles Hof. Fierders publisearre er ek it Frysk Lieteboek, en yn 1918 kaam by him de fjirde werútjefte fan 'e Rimen en Teltsjes fan 'e bruorren Halbertsma út.

Van der Velde kaam yn 1940, yn 'e âlderdom fan 83 jier, yn Ljouwert te ferstjerren. Dêrop naam syn soan de boekhannel en útjouwerij oer, dy't meitiid útgroeie soe ta de hjoeddeistige Boekhannel Van der Velde, mei fêstigings yn Ljouwert, Snits, Drachten en Grins. Yn 1992 organisearre it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) ta gelegenheid fan it hûndertjierrich bestean in tentoanstelling oer it bedriuw, wêrby't ek rûnom omtinken oan Rinse van der Velde skonken waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: