Onno Harmens Sytstra

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan O.H. Sytstra)
Onno Harmens Sytstra

Onno Harmens Sytstra (Baard, 10 oktober 1858 - Ljouwert, 20 novimber 1939), soan fan Harmen Sytstra, wie in ûnderwizer dy't him ynsette foar gebrûk fan Frysk op skoalle.

Hy arbeide sûnt 1878 yn Ljouwert. Joech mei Pieter Jelles Troelstra It jonge Fryslân (1881) út. Wie 50 jier samler fan de útjeften fan it Selsskip 1844; joech yn 1925 mei Jan Jelles Hof de Nieuwe Friesche Spraakkunst út. Sytstra wie fierders redakteur fan Swanneblommen en ferbûn oan Forjit my net!.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Sytstra, Onno Harmens.