Springe nei ynhâld

Frysk Lieteboek

Ut Wikipedy
Omslach Frysk Lieteboek 1979
Omslach Frysk Lieteboek út 1979

It Frysk Lieteboek is in bondel mei 73 Fryske lieten, samle troch J. van Loon en mei M. de Boer yn twa- trije- en fjouwerstimmige setting mei pianobegelieding troch M. de Boer.

[1]

Yn 1876 ferskynde de foarste printinge fan it "It Lieteboek", dat yn de lettere drukken fan 1899, 1914 en 1930 "Frysk Lieteboek" kaam te hiten. De twadde printinge waard besoarge troch Tsjalling Eeltsjes Halbertsma en Wynsen Scheltes Faber fermeardere mei inkele lieten fan D.A.G. Draper, mei 104 lieten, troch lêstneamde twa mei J. Paardekoper (1930).

It "Nij Frysk Lieteboek" kaam foar it earst út yn 1886, werprintingen ferskynden yn 1905, 1916 en 1922.

Doe't tsjin 1940 oan al dizze útjeften útferkocht rekken, joech it bestjoer fan de Fryske Akademy oan syn Musikologysk Wurkferbân opdracht, in nij en modern lieteboek gear te stallen. Dat boek ferskynde yn 1948 ûnder de namme "Lieteboek". It is al jierren útferkocht. Doe't de útjouwer Osinga fan Boalsert him yn 1977 ree ferklearre de útjefte fan in twadde printinge op syn noed te nimmen, frege it Akademy-bestjoer op 'en nij oan de Musikologyske Wurkgroep, dit wurk ta te rieden. De wurkgroep seach al gau dat it mei in revyzje fan it Lieteboek 1948 net ta koe, dêrfoar wie der tefolle krityk op dy útjefte ynkommen, benammen wat de begeliedings en de kar fan de lieten oangie.

Ynhâldsopjefte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Flaggeliet
  2. Frysk folksliet
  3. It heitelân
  4. War dy!
  5. Eala fria Fresena
  6. Frisia cantat
  7. Frysk bloed
  8. Fryske sang
  9. Wâldsang
  10. Wy, wy litte ús taal net farre
  11. Wy sels
  12. Oan Schylge
  13. Suker-Jantjen
  14. Nieuw liedeken tot lof van Vrieslandt
  15. By't opgean fan 'e sinne
  16. Goemoarn
  17. Simmermoarn
  18. Simmerjûn
  19. As yn it foarjier
  20. Yn 'e stille jûne
  21. As 't maitiid is
  22. De maitiid
  23. Maitiidsjûn yn Gaasterlân
  24. De simmer is kommen
  25. Hjerst
  26. Hjerst yn Gaasterlân
  27. De Fryske hurdsiler
  28. Grouster weagen
  29. It marke
  30. It sweltsje
  31. Roeiersliet
  32. Wolkom oan 'e silerstiid
  33. Skipperssankje
  34. Oan 'e dyk fan Keimptille
  35. Oan 'e kant fan 'e mar
  36. See, do wide see
  37. It lot fan Tea
  38. It lot fan Tea
  39. Ald en nij
  40. Daijenne
  41. Reveille
  42. De Boalserter merke
  43. Yn de Karpaten
  44. It feintsje fan Menaam
  45. Op 'e swalk
  46. It froalike famke
  47. It fjild yn
  48. De twa roeken
  49. Swalkje
  50. Jonker Pyt en Sibbel
  51. De muoikes
  52. Op 't muzyck-sjongen
  53. Breidzje
  54. Sjolle Kreamer's lillepypkersliet
  55. Famke út tûzen
  56. Maitiidsleafde
  57. It famke yn 'e Skâns
  58. Sjouk fan Longerhou
  59. Wobbelke
  60. Ynskje en Oark
  61. It wite wiif
  62. Friesch pastorel
  63. Myn Berber
  64. Seemansklachte
  65. De seeman
  66. Hjoed in jier
  67. Langstme
  68. Widzesang
  69. Widzeliet
  70. Mimering
  71. Weromsjen
  72. It âlderhûs
  73. De heidebeam
  74. Widzesang fan 't seemanswiif
  75. De terp
  76. Us pake' klok
  77. Sang fan Delila
  78. Dû bist allyk in blomme
  79. Sliepsankje
  80. De âlde goede tiid
  81. Yn de iere moarn
  82. Jûnsliet
  83. Kom dû mei dyn suv're seine
  84. Ik lit, o God, de lofsang klinke
  85. Free-bea
  86. God, ferjou my
  87. Hear, bliuw my nei
  88. It liet fan de Wylde Mier
  89. Hoe kom ik Jo temjitte?
  90. Ik bring dy, berntsje, hulde ta
  91. Wolkom hjir op ierde
  92. O, Krystbern
  93. Krystblydskip
  94. Alle goaden ha wy tsjinne
  95. Krystreis
  96. Hoe blinkt de stjerre fan 'e moarn
  97. O Berntsje sa lyts
  98. O holle, bloedbedutsen
  99. O Laam fan God, ûnskuldich
  100. O grutte Kristus, ivich ljocht
  101. It krús
  102. Kom, Skepper, Geast
  103. No tankje allegear
  104. Och, bliuw mei Jo genede
  105. Loovje de Hear
  106. Marije sjongt
  107. God groetet Jo, syn blomme
  108. Manna
  109. Spieders
  110. Stil giet it jier wer hinne
  111. Riis oerein!
  112. Skielk, as de bazunen skalle

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979, Utjouwerij A.J. Osinga BV Boalsert