Kom, Skepper, Geast, ús hert benei,
set Jo by ús nei wenjen Hear.
Fernijer fan al 't minskeskaai,
gean yn genede oer ús gear.
Jo bin in fjoerkolom, de wolk,
de wetterier, fan God ús jûn,
de Treaster dy't de Hear syn folk
ûnthiet as balsem op 'e wûn
Sânfâldich en geheim geskink,
o finger Gods, o leafdefjoer,
yn Jo jout Hy syn bern de wink
om Him te loovjen oer en oer.
Jou Jo ús faai ferstân it ljocht,
lit leafde wenje yn ús hert,
yn swakkens wurdt jo krêft folbrocht,
Jo sterke hân ferlit ús net.
Hâld, Hear, de fijân yn betwang
en fier ús fan it tsjuster paad;
jou frede, dat ús hert net bang
- nei Jo op wei - febjustre waard.
Bring ús de Heit al neieroan
troch leauwe'enta behâldenis
yn Jezus Kristus, Heite Soan,
o Treaster, dy't út beide is.
Oanbid de Heit, de Soan, de Geast,
oanbid Gods hege majesteit.
Lit noard en súd en west en east
Him lof jaan, eare'en hearlikheid.
|
|
Kom Skepper, Geast, kom del op ierd'!
Jins krêft, út hwa't it al bistiet,
Bisielje'yn stoarm en flammebrân
Opnij Jins folk yn ider lân.
Jo Treaster, lieder fan ús lot,
Folsleine jefte'ús jown fan God,
Jo binne 't fjûr dat ús trochgloeit,
De boarne, dy't fan libben floeit.
Jo, fan Gods leafde 't ûnderpân
En finger fan Gods rjochter hân,
Jo salvje'ús en ús mûle seit
Troch Jo de lof fan God de Heit.
Untstek it heilljocht foar ús siel,
Jow oan Jins leafde'ús herte diel,
Bisterkje'o Skepper, troch Jins trêft,
Fan 't faeije liifde lytse krêft.
Kear Jo de fijân by ús wei
En bring ús fréde'en rêst to nei;
Dan jowt de dei fan moarn gjin noed,
As Jo ús liede'is alles goed.
Dat dan ús hert de Heit, de Soan,
Mei Jo, de Geast, fan beider troan.
Us stjûrd út de'iiv'ge himel wei,
Nou en foar altyd loovje mei.
|