Loovje de Hear

Ut Wikipedy

Loovje de Hear is de Fryske oersetting fan it Dútske kristlike liet "Lobe den Herren, den mächtigen König der Ehren" dat yn 1680 skreaun waard troch Joachim Neander (1650-1680).

Tekst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frysk Lieteboek (1979)[1]       Lieteboek (1948)[2]

Loovje de Hear, jou dy machtige Kening de eare.
Wat soe ik bûten syn geunst en syn leafde begeare?
Oargel en koar
gean ús yn lofsangen foar.
Loovje'al wat libbet de Heare.

Loovje de Hear, dy't op wûndere wize dy stjoerde,
Dy't mei syn feilige wjukken dy heinde en hoede.
Hy wit dyn bêst,
liedt dy oan wetters fan rêst,
Sêdet dy mei al it goede.

Loovje de Hear, want Hy woe nei syn byltnis dy meitsje.
Hâldt dy yn wêzen, dat sykte en sear dy net reitsje.
Syn ivich wurd
stiet oan dyn hûs en dyn hurd;
Sil al den dei oer dy weitsje.

Loovje de Hear, dy't syn seine gebiedt fan omhegen;
Hy bliuwt syn bern yn ûntferming en leafde genegen.
Syn grutte macht
rikt oer de donkerste nacht,
Hy is it ljocht op dyn wegen.

Loovje de Hear, no't de stoarmen fan twivel bekamen,
Kristenen, sjong, dy't as Abram syn stimme fernamen.
Dwers troch de dea
glânzet it daagjende rea.
Sjong Him yn ivichheid. Amen.

     

Loovje de Heare, de Hoeder fan himel en ierde;
Lit nou, o siele, de glâns fan Syn gloarje dy liede!
't Hallelujah
Driuw' nei de himelen ta!
Wol Him de lofsangen biede.

Loovje de Hear, dy't it stjerretal telde'op har stéen;
Dy't alle weagen bistjûrt fan 'e woelige séen.
Syn greate macht
Rikt oer de donkerste nacht,
Rêdt út de smertlikste wéen.

Loovje de Heare, dy't seach hoe't de stoarmen dy jagen;
Hy wie it Antwurd op al dyn ûnwennige fragen.
Hy wist dyn noed,
Warre dyn wifkjende foet;
Hy droech dy nachten en dagen.

Loovje de Heare, dy't rôp út it neat en it waerde,
Dy't ek dyn libben mei feilige wjukken oerskade;
Oer alle wrâld
Giet Syn almachtich Biwâld,
Rinne Syn wûndere paden.

Loovje de Hear, nou't de stoarmen fan twivel bikamen;
Sjong' alle skepsel, dy't hearlik Syn stimme fornamen!
Dwars troch de dea
Glânzget it daegjende rea.
Sjong Him yn ivichheit. Amen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, nûmer 105, side 151, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979
  2. Lieteboek, side 143, Musicologysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, Maertmoanne 1948