Tsjalling Eeltsjes Halbertsma
Tsjalling Eeltsjes Halbertsma (Grou, 28 jannewaris 1848 - Ternaard, 2 juny 1912), wie in Frysk skriuwer en ûnderwizer. Hy wie de pakesizzer fan Eeltsje Hiddes Halbertsma.
Halbertsma waard yn 1869 ûnderwizer te Ternaard, yn 1910 gie er mei pensjoen. Foar Ternaard hie er oan skoallen yn Hollân stien. Op 3 desimber 1874 boaske er oan Baukje Gerlofs Jensma.[1]
Hy skreau histoaryske folksferhalen en toanielstikken (Japik Bûterblom, nei Molière, (1905); It Boerke (1905)) en sangbondels; wie komponist fan ferskate bekende Fryske lieten (û. o. Widzesang fan it sémanswiif).
Teffens wie er meiwurker fan Pieter Jelles Troelstra by 'It jonge Fryslân', 'Nij Frysk Lieteboek', 'For Hûs en Hiem' (redakteur fan 1890-1895) en meiwurker oan it Friesch woordenboek (Lexicon Frisicum) Diel 1 (A-H)
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1900 - 1910 - Sinneblommen - T.E Halbertsma.
- 1902 - Nije Fryske Sangen, foarste samling - Tsjalling Eeltsjes Halbertsma
- 1905 - Leed- en lofsangen - T.E. Halbertsma
- 1905 - Nije Fryske Sangen, oarde samling - Tsjalling Eeltsjes Halbertsma
- 1906 - Nije Fryske Sangen, tredde samling - Tsjalling Eeltsjes Halbertsma
- 1909 - Miedeblommen - T.E. Halbertsma
- 1909 - Krystsangen - T.E. Halbertsma
- 1912 - Ut it âlde leach - samle wurk (2 dielen, Leien)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|