Och, bliuw mei Jo genede is in Fryske oersetting fan it Dútske kristlike liet "Ach bleib mit deiner Gnade" dat yn 1627 skreaun waard troch Josua Stegman (1588-1632).
Frysk Lieteboek (1979)[1]
|
|
Lieteboek (1948)[2]
|
Och, bliuw mei Jo genede,
Hear Jezus, ús neiby;
bewarje'ús by Jo frede
tsjin fijâns hearskippij.
Wol mei Jo wurd genêze
ús each, fan sûnde blyn:
wol ús Ferlosser wêze,
en wenje by ús yn!
O, Jo, troch nacht en dize
it ljocht fan dizze wrâld,
wol ús de wegen wize,
dy't liede ta behâld.
Wol ús Jo seine skinke,
min al ús earmoed wei
en lit Jo goedens blinke
oer hiel ús libbenswei.
O, nim ús yn Jo hoede,
Jo, ûnferwinbre held,
bergje'ús foar Satans woede
en wrâlds bretaal geweld!
|
|
Och, bliuw mei Jins genede
Us Heare Jezus, nei,
Dat nummer ús de wrede
Kweafijân skeine mei.
Och, bliuw ús mei de learing
Fan 't Wurd, Forlosser, nei;
Diel al den dei bikearing
As't heechstre goed ús mei.
Och, bliuw ús mei Jins glânze,
Ljocht fan de wrâld, neiby;
Jins Wierheit wêze'in skânze
En nea net wifkje wy.
Och, bliuw ús mei Jins seine,
Jo binne mylt en ryk,
En lit it kommen eine
Fan 't ivich keningkryk.
Och, bliuw mei Jins ûntferming
Us neioan, streke helt,
En kear mei Jins biskerming
Fan ús wrâlds kwea gewelt.
Och, bliuw ús mei Jins trouwe
Deunby, Hear, great en goed,
Op hwa't ús herten bouwe,
Help ús ús soarch en noed.
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, nûmer 104, side 150, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979
- ↑ Lieteboek, side 150, Musicologysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, Maertmoanne 1948
|