Wâldsang
Appearance
De Wâldsang, ek bekend as Moai, sûnder wjergea, binne de Wâlden, is in Frysk folkssankje dat om-ende-by 1845 skreaun is troch Frysk skriuwer en skoalmaster Harmen Sytstra. It wurdt songen op 'e wize fan "Giovani liete, fiori spargete" út Mozarts opera "Le nozze di Figaro".
Tekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kûplet 1
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Moai, sûnder wjergea, binne de Wâlden;
- Smûk, skaadzjend beamtegrien, oeral yn 't rûn.
- Blier, laitsjend boulân, tierige greiden,
- Sjongende fûgels, sânich de grûn.
- Sjongende fûgels, sânich de grûn.
- Moai, sûnder wjergea, binne de Wâlden;
- Smûk, skaadzjend beamtegrien, oeral yn 't rûn.
- Oeral yn 't rûn, yn 't rûn, oeral yn 't rûn.