Springe nei ynhâld

No tankje allegear

Ut Wikipedy

No tankje allegear of Nou tankje God de Hear is in Fryske oersetting fan it Dútske kristlike liet "Nun danket alle Gott" dat yn 1636 skreaun waard troch Martin Rinkart (1586–1649).

Frysk Lieteboek (1979)[1]       Lieteboek (1948)[2]

No tankje allegear
mei mûle'en hert en hannen
God, dy't syn wûnders die
oan ús en alle lannen,
dy't fan it earst begjin,
fan memmeskurte'ôf oan
ús bystie as in heit:
sa docht Er hjoed en moarn.

Mei dan dy rike God
goedgeunstich om ús tinke
en ús de frede'yn't hert
en wiere freugde skinke!
Barmhertich is de Hear,
dy't ús ferloste'út need,
syn goedens hat gjin ein,
Hy helpt yn alle leed.

Lof Heit en Soan en Geast,
mei minske'en ingletonge!
Om syn genede'en macht
moat al wat libbet sjonge.
Fan Him, de iene Hear
joech it ferline blyk;
it hjoed sprekt fan syn trou,
de takomst is syn Ryk.

     

Nou tankje God de Hear
Mei mûle, hert en hannen,
Dy't greate dingen die
Oan ús en alle lannen.
Hy seach yn Kristus ús
Altyd genedich oan,
Syn heil wie jimmer wis
En bliuwt it hjoed en moarn.

Hy wol, de rike God,
Goedgunstich om ús tinke
En by dit libben al
Syn frede'en blydskip skinke.
Hy hat ús dizze stoun'
Forlost út greate need,
Syn goedens sûnder ein
Nimt fan ús alle leed.

Lof, ear'en priis de Heit,
De soan, ús leave Heare,
De Geast, dy't treaste wol
En ûnder ús forkeare,
De trijeiene God,
Dy't stees dezelde wie
En is en bliuwe sil,
Hwant ivich stiet Syn rie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, nûmer 103, side 149, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979
  2. Lieteboek, side 144, Musicologysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, Maertmoanne 1948