Dirk Zeper

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Dirk Zeper

Dirk Zeper (Ljouwert, 2 febrewaris 1803 - dêre, 21 febrewaris 1881) wie sjippesieder en boargemaster fan Ljouwert.

Hy wie in soan fan Pier Zeper, drost en boargemaster, en Fenna Hesselink. Riedslid fan 1843 oant 1865, wethâlder (1849-1853 en 1855-1865) en boargemaster fan Ljouwert (1865 - 1871). Dirk Zeper wie Thorbeckiaan.[1]

Hy waard yn 1868 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Om reden fan sûnens krige er 1871 earfol dien. Hy stoar tsien jier letter yn de âldens fan 78 jier.

Yn Ljouwert is de Dirk Zeperstrjitte nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek: Zeper (Dirk)