Springe nei ynhâld

Berezina

Ut Wikipedy
Ferrin fan de Berezina yn Wyt-Ruslân

De Berezina (ek wol Beresina) (Wyt-Russysk: Бярэзіна; Bjarezina, Russysk: Березина) is in rivier yn Wyt-Ruslân en in sydrivier fan de Dnjepr.

Oan de rivier lizze de stêden Babroejsk, Barysaw en Svetlahorsk.

  • It út Ruslân weromlûkend leger fan Napoleon Bonaparte ferlear sa'n 36.000 man doe't it yn novimber 1812 de Berezina oerstiek. Sûnt is "Berezina" yn it Frânsk in synonym foar katastrôfe.
  • Karel XII fan Sweden syn leger stiek de Berezina oer op 25 juny 1708 by syn kampanje tsjin Peter de Grutte fan Ruslân yn de Grutte Noardske Kriich
Badgasten oan de Berezina