Springe nei ynhâld

Friisk Gesäts

Ut Wikipedy

It Gesetz zur Förderung des Friesischen im öffentlichen Raum (Friesisch-Gesetz - FriesischG) of yn it Noardfrysk Friisk Gesäts is in taalwet dy't op 11 novimber 2004 troch it parlemint fan Sleeswyk-Holstein oannaam is om de rjochten fan de Friezen yn Noard-Fryslân en op Helgolân te beskermjen. De wet regelet de neikommende saken:

  • It Frysk is njonken it Dútsk tastien as bestjoerstaal;
  • Behearsking fan it Frysk mei funksje-eask foar amtners wêze;
  • Twatalige opskriften Frysk-Dútsk op iepenbiere gebouwen binne tastien;
  • Op iepenbiere gebouwen mei de Noardfryske flage wapperje;
  • Plaknammebuorden meie twatalich Frysk-Dútsk wêze.

It wetsfoarstel is dien troch Lars Harms fan de SSW.