Enno Wilhelm Hektor

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Bertehûs fan Enno Hektor

Enno Wilhelm Hektor (Dornum (East-Fryslân), 21 novimber 1820 - Neurenberch, 31 jannewaris 1874) wie in Eastfrysk skriuwer dy't yn it Dútsk en Nederdútsk skreau. Syn bekendste wurk is it folksliet fan de Eastfriezen "In Oostfreesland is't am besten". Hy begûn al jong mei skriuwen. Om 1842 skreau er gedichten foar de tydskriften "Frisia" en it "Ostfriesisches Unterhaltungsbuch". Yn it revolúsjejier 1848 joech Hektor it polityk-satiryske tydskrift "Der Vagabund" út. Yn 1849 ferliet er Dornum. Yn 1850 skreau Hektor as Fries om utens it liet "In Ostfreesland is´t am besten".

Yn oktober 1850 sette Hektor him yn Neurenberch nei wenjen, dêr't er twa jier bliuwe soe om syn Abitur te heljen. Ynienen giet it net mear goed, Hektor besiket fergees selsmoard. Syn freonen woenen dat er fanwege syn mismoedige tastân ferhúzje soe en hy gong yn de maitiid fan 1852 nei München, dêr't er Alddútsk en Aldnoardske talen studearre. Yn 1852 helle er syn doktorsgraad foar de Germanistyk.

Yn 1857 wurdt Hektor meiwurker fan it Germaanske Museum yn Neurenberch. Oant syn dea skreau er foar it tydskrift "Die deutschen Mundarten". Op 31 jannewaris 1874 stoar er en waard te hôf brocht op it St.-Rochus-Friedhof yn Neurenberch.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Joachim Böger - Enno Wilhelm Hektor – Vagabund und Bürgerschreck. Yn: Niedersachsen. Zeitschrift für Heimat und Kultur. Jg. 98 (1998), H. 2, S. 79-81. ISSN 0176-3385.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]