Reinder Sierks Roorda

Ut Wikipedy

Reinder Sierks Roorda (Britsum, 15 april 1894Ljouwert, 7 novimber 1965) wie in genealooch en skriuwer.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reinder Roorda waard berne yn in grifformearde húshâlding. Hy wie fan syn fak ynspekteur fan in libbensfersekeringsmaatskippij. Al gau kaam syn belangstelling foar de Fryske skiednis en de Fryske beweging nei foaren. Yn it Kristlik Frysk Selskip naam er in grut plak yn. Hy waard in fêste meiwurker fan De Stim fen Fryslân. De stikken dy't er dêryn oer Britsum skreau, binne letter bondele as in doarpsskiednis.

Nei 1945 koe Roorda syn wjukken útslaan as genealooch. Yn ferskate Fryske kranten publisearre er stikken oer famyljes en harren ferhâldingen ûnderinoar. Der binne ferskate genealogyske boeken fan syn hân útkommen en hy waard ek faak frege as adviseur oer genealogyske ûnderwerpen.

In oar mêd dêr't Roorda aktyf op wie, wie it skriuwen fan romans en foaral berneboeken. Roorda sleat him oan by it sjenre oer histoaryske persoanen dat ûnder it kristlike folksdiel yn de tritiger jierren fan de 20e iuw populêr wie. Roorda helle lykwols Fryske persoanen nei foaren.

Roorda wie ien fan de oprjochters fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek en hat dêrfan jierren foarsitter west. It doel fan de KFFB is foaral om goedkeape Fryske folksboeken út te jaan. Roorda hat dêr sels ek syn bydrage oan jûn.

Roorda wie ek bestjoerslid fan de Provinsjale Parseferiening, de útjouwer fan it Frysk Deiblêd. De namme De Sneinspetiele foar de sneonske bylage is troch Roorda optocht.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]