Anders Celsius
Appearance

Anders Celsius (Uppsala, 27 novimber 1701 — dêre, 25 april 1744) wie in Sweedsk astronoom. Celsius waard yn Uppsala yn 1730, krektas syn heit, heechlearaar yn de astronomy. Yn 1741 rjochte er mei in oantal oaren de stjerrewacht dêr op.
It bekendst is Celsius troch de temperatuerskaal Celsius dy't e yn 1742 ynfierde.
Hy definiearre ynearsten it siedpunt fan wetter as 0° en it friespunt as 100°. Yn 1749 draaide syn opfolger Carl Linnaeus de skaal fan Celsius om. [1]
Anders Celsius stoar yn de âldens fan 42 jier oan tuberkuloaze waard beïerdige yn de tsjerke fan Gamla Uppsala.
Earbetoan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De asteroïde (4169) Celsius en de moannekrater Celsius binne nei him neamd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|