Max Euwe
Max Euwe | ||
sporter | ||
Max Euwe in 1956 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Machgielis Euwe | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 20 maaie 1901 | |
berteplak | Amsterdam | |
stjerdatum | 26 novimber 1981 | |
stjerplak | Amsterdam | |
sportive ynformaasje | ||
sport | skake | |
earste titel | Nederlânsk kampioenskip (1921) | |
wichtige prestaasjes | ||
Wrâldkampioenskip (1935-1937) |
Machgielis (Max) Euwe (Amsterdam, 20 maaie 1901 – dêre, 26 novimber 1981) wie in Nederlânsk skaker en wiskundelearaar. Hy wei wrâldkampioen fan 1935 oant 1937. Fan ûngefear 1920 oant yn de jierren fyftich wie hy de sterkste Nederlânske skaker.
Max Euwe hat him tige fertsjinstlik makke foar de skaaksport en wie presidint fan de FIDE by de mets Spassky - Fischer. Boppedat wie er in goed skaakskriuwer: hy skreau talleaze learboeken, wêrûnder de ynternasjonaal bekende Theorie der Schaakopeningen en de Losbladige schaakberichten.
Hy makke namme troch syn tapassing fan wiskundige ynsichten en logika op it skaakspul. Hy wist him steande te hâlden yn komplekse stellingen wêryn't hy de bêste taktyk oanjaan koe.
Euwe wurdt wol sjoen as de swakste wrâldkampioen, omdat er de wedstriid tsjin Aleksander Aljechin krektoan wûn mei in heale punt ferskil, twa jier letter al de titel werom jaan moast nei in dikke nederlaach, en yn it toernoai fan 1948 as lêste einige.
Partijen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de skaakdatabank Simbase steane 1697 partijen (peildatum maart 2004) dy't troch Max Euwe spile binne: hy wûn 694 partijen, hy ferlear 459 partijen en der waarden 544 partijen remise. Syn winstpersintaazje is 56%.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|