Springe nei ynhâld

Klimaatbosk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Klimaatboskje)

In Klimaatboskje bestiet út trije, sechs of njoggen walnutebeammen dy't yn in trijehoek plante binne. It is in symboal om minsken oan te setten om bewust mei ús miljeu om te gean. Nutebeammen ha de eigenskip om oer in tiidrek fan wol 100 jier in soad koalsoergas (CO2) te binen en leverje sa in bydrage oan de oplossing fan it klimaatprobleem. De ynfloed trije beammen is net sa grut, mar de klimaatboskjes binne symboalysk foar de kompensaasjebosken dy't yn East-Jeropa en yn de Tropen oanlein wurde. Der wurdt noch mear klam lein op dy symboalfunksje troch in beaken wat yn elts boske delsetten wurdt om it werkenber te meitsjen.

It earste klimaatboskje waard op 16 novimber 2006 ûntbleate by Fleanfjild Lelystêd by it Aviodrome, as begjin fan in lanlik projekt. De seremoanje waard dien troch Henkjan Kievit, direkteur van De Lânskippen, Mieke van Heuven, direkteur van Lânskipbehear Nederlân, en Devi van Huijstee, foar de Nasjonale Postkoade Lotterij.

De earste gemeente dy't in klimaatboskje plante wie Ljouwert. Deis nei it begjin fan it projekt waard op 17 novimber 2006 it earste boskje plante yn de stêd, tsjin it NS-stasjon oer. It plantsjen waard dien troch fertsjinwurdigers fan trije fasetten fan de maatskippij: Ultsje Hosper fan It Fryske Gea en Regina ter Steege fan Lânskipsbehear Fryslân foar natuerbehâld, Roel Klopstra fan de provinsje en Yvonne Bleize as Wethâldster Omwrâld fan Ljouwert foar it bewâld en Henk de Jong en Sibele Schöne fan it klimaatburo foar it bedriuwslibben.

Yn en om Ljouwert komme in stik of fiif fan sokke sinjaalboskjes. It klimaatboskje yn Ljouwert wie ek it begjin fan it projekt yn Fryslân. Yn de provinsje moatte byelkoar sa'n fyftich klimaatboskjes komme.